Op woansdei 5 augustus is ús
doarpsgenote Nynke de Groot
ôfset foar in flinke kuiertocht
hielendal nei Santiago de
Compostela yn Spanje. It wie de
bedoeling dat sy heal desimber
oankomme soe yn dit Spaanske
bedevaartsoord, mar sy hie sa de
sokken der yn dat sy begjin
novimber alwer thús wie!
Minsken
It is alwer efkes lyn dat ik oer de Pyreneeën klautere
bin, dat ik moat jim noadich skriuwe. No, ik kin wol
begjinne mei te skriuwen dat die bergjes my
tsjinfoelen. Nondeknetter…, wat sieten der steile
stikken yn. Ik hie in dei derfoar Sofie (student, 20 jier
út Haarlem) opfondele. It klikte goed dat we ha in
pear dagen tegearre rûn. No is it mei de fyts sa dat it
nei ûnderen gean eins hast fansels giet mar rinnende
is it in wiere hel. Sofie en ik hiene it ferkearde paad
nommen. We seagen al net folle minsken mear dat ik
krige al argewaasje mar Sofie wie fan miening dat we
tusken twa groepen yn sieten. No moai net dus! We
binne mei gang nei ûnderen flein. Us fuotten gongen
eins hurder dan se koene, dus sa no en dan moasten
we echt op de rem. Ik fielde myn knibbels al wat mar
ik skonk der fierder gjin oandacht oan want we wiene
der ek al. It wie prachtich waar dat we binne daliks op
it terras delploft. Dêr waard it hieltyd geselliger en
letter. Ik hie nearne mear lêst fan en hie it heegste
wurd fansels. Letter fluch noch efkes iten en ûnder de
sproeier en rap op bêd. Doe ‘t ik de oare deis wekker
waard en neist bêd stean gong, sakke ik daliks troch
myn hoeven! Ik lei letterlik op de grûn. Wat in
spierpine!! Amai, dit koe wolris in lange dei wurde. Ik
ha alles wat los masseard en bin rêstich in slagje om
west. Nei in skofke gong it wol wer.
De earste dagen wie it wol aardich drok op de camino.
Der binne in protte Amerikanen dy it rinne. Ik fyn it
mar in oerdreaun folkje. Okkerdeis waard der ien fan
‘e Amerikanen mei bulten wekker. Hja raasde en
tierde der om as wiene de Russen binnen fallen.
Bedbugs, bedbugs! I have bedbugs! Man o man wat in
drokte om die beestjes, se dogge je ommers neat.
Bytsje vaseline der op en klear is it wer. Tsja, de
matrassen binne allesbehalve skjin, fandêr dat in
protte ‘auberges’ plastik matrassen ha. Leit net echt
noflik fansels mar foar 5 Euro meie we net
seure. Neist Amerikanen stikt it hjir ek fan de
Koreanen. Lêsten woe ik kofje drinke. Sit dêr moai
allinich oan in tafeltsje, wurdt der in blik Koreanen
iepene…. Net te leauwen! It praat, laket en knikt wol
sa bot dat de holle kin der wol ôfploffe. Allegearre it
nijste tillefoantsje yn ‘e hân en omraak foto's meitsje
fansels. De baas fan it spul makke in foto fan de
groep en hie fêst net troch dat ik der ek by op kaam.
Elts wuifde dus dat ha ik ek mar dien. Der wie ien dy
’t it seach en die ratele dat troch tink ik want elts siet
my oan te sjen en lake en knikte of it in lust wie. Se
hiene der wakker wille om. Doe fregen se as ik in foto
fan se meitsje woe, no dat koe wol fansels. Neidat ik
dat dien hie waard ik wol sa betanke! It like wol as hie
ik se ien foar ien oer de Pyreneeën hinne sjouwd.
Dankber folkje.
Ha noch in praatsje mei se makke. Se rinne eltse dei
20 km mei in rêchsekje fan 2 kilo en stappe dan wer
yn de bus nei it hotel. Tsja, sa kin it ek. Makket ek
neat út.
Toch is it net drok. Der binne stikken dan rinne we
(rin wer in pear dagen mei Alex) suver allinich. Is wol
lekker. Ik ha my fertelle litten dat it yn de moannen
maaie oant septimber in gekkeboel is hjir. Minsken
stean dan yn kloften foar de ‘refuges’ om plak te
hawwen. No is der plak zat en it waar is prachtich. Ik
begjin moarns om 7.00 te rinnen. It is dan noch neare
nacht mar ik ha op de tillefoan in bûslamp. Ik hie fan
hûs wol in bûslampe meinommen. Dy koe op ‘e holle.
Sa'n mijnwerkers ding. Maar tsja, ......wêr dy is? Ik
rin oant 14.00 oere en ha dan 30 km rûn. Ik stopje
dan mar want oars bin ik sa fluch klear. Ik tink dat ik
aanst wol wat langer trochrinnen gean want ik ferfeel
my dan ek wolris.
It is prachtich om te sjen hoe ‘t de dei it wint fan ‘e
nacht. It ferskaat oan kleuren yn ‘e loft as de sinne
har krêft sjen lit is werklik eachstrieljend. It lânskip
sprekt my ek mear oan as yn Frankryk. It is wat
rûger. Hjir is ek folle mear drokte. Alle koffjetintsjes
geane moarns al betiid iepen. Dêr sitte dan de fêste
gasten, âlde mantsjes, al swetsend oan harren bakje.
Je ha ek it idee as hat de tiid hjir stil stien. De
oanklaaiing docht âlderwetsk oan mar ik fyn it
skitterend. Wat hartelikheid betreft, koene de
Spanjaarden noch wol wat leare fan de Fransen. Se
binne wat nukkiger mar dat mei de pret net
drukke. No liket it krekt as is it allinich mar prachtich
mar sa is it net. De nachten binne werkelik freeslik! Ik
sliep 30 minuten en liz dan wer oeren wekker. De
bêden binne freeslik en as je mei 80 minsken op in
seal lizze dan snoarkje der altiid wol 5. Ik kin sowieso
net goed earne oars sliepe dus it leit yn haadsaak oan
my. Juster siet ik der hielendal troch. It rinnen woe
net en de holle ek net. Bah....wat woe ik op dat
momint graach nei hûs. It gemis wurdt wol hieltyd
grutter. Ik ha mei it thúsfront kontakt hân en nei dy
morele steun ha ik mysels wer by kop en kont pakt en
doorrrrr...... Bin no yn Burgos. Noch 500 km te gean!
Hast….
Hjir wer efkes in gearfetting fan de ôfrûne dagen. It
wie noch 500 km fanút Burgos. De folgjende grutte
stêd wêr ik lânskaam wie Leon. Dit wie in wat saaie
loop fan 200 km. Nei Leon kaam Astorgas. Dat lêste
plak seach ik al wat tsjinop. It ôfrûne jier is der in
Amerikaanske pilgrim ontvoerd en se is letter dea
werom fûn. No kin soks fansels oeral barre mar
toch.....De nacht foardat ik der lâns moast liet it my
net los. Ik seach mysels al dobberjen yn ‘e rivier. Myn
ledematen wiene fan de bealch ôfseage en alles wie
yn in koffer slingere. Dat pastte net fansels, dat alle
bonken wiene brutsen om it toch passend te krijen
(hmmm.....miskien moat ik ris wat oare boeken lêze).
Lokkich wie myn maat Alex yn ‘e buert en hy woe dy
dei wol graach mei my rinne. We hiene it gesellich en
de man mei de sage ha we net sjoen.
No sliep ik alle nachten yn in ‘auberge’ en dy lykje
allegearre op elkoar. Sa net dy ‘auberge’ wêr ik dizze
wike útkaam. It wie in ûnderkommen wêr't se
fegetarysk iten hiene út eigen tún.
6