De Havensbank: November 2015 - page 13

No, dat like my wol goed ta, want yn de
pelgrimsmenu's dy't se foar jo delsette binne de
grienten trochhinne flein. Ik waard ûntfongen troch in
nuver, skriel mantsje. Hy wie sa meager as in rûp. It
hier hong yn smoarge, lange slierten lâns syn
spichtich kopke. Hy hie in fluoriserend broekje oan dat
al wat te strak siet. Je koene dúdlik sjen dat hy fan it
mannelijk geslacht wie. Nuver dat je eagen der
automatisch oerhinne strûpe. Nei 't ik my installearre
hie, frege de man as ik ek wat drinke woe. Ik sei dat
ik wol nocht hie yn in bierke mar dat hiene se net
want alkohol past net yn hun filosofy. It nuvere
hjirfan is, dat wylst hy it sei, syn peukje noch lei te
rikjen yn it jiskepantsje. It is mar krekt hoe as je de
dingen sjogge.
Mar in bakje tee koe it my ek wol dwaan. Hy fertelde
my ek noch dat der om 18.00 oere gelegenheid wie
om in yogales by te wenjen. As ik mei dwaan woe dan
koe ik dat kenber meitsje op in formulier dat op de
tafel lei. No ha ik neat op yoga tsjin mar ik seach myn
gastheer yn in flits foar my yn in nuvere hâlding mei
dat broekje. Dat liet no al neat mear te winskjen oer.
Stel je foar as de fuotten ek noch de loft yn gean! Dêr
ha ik mar foar betanke. Mar ik moat sizze dat ik bêst
iten ha en de bêden leine goed. Nei wat flakke
etappes mochten we juster wer klimme en dale. Ik
fyn it prachtich! It wiene lytse paadsjes oer grutte
losse stiennen. Ik hie de sokken der yn! Ik fleach by
de berch op en del as wie it neat. Ik fielde my
fantastysk en helle eltsenien mei in grutte smile om'e
snút yn. It like wol as hie ik de moarns drugs yn ‘e
tee hân. Wol wat jammer dat de drugs de lêste 2 km
útwurke wiene. Ik krige lêst fan stekken yn ‘e
knibbels en de skynbonke. Strompeljend kaam ik oan.
Ik ha om raak masseart en kuolle mar moat earlik
sizze dat it hjoed dreech wie. Alles die sear. Ik ha
earst mar wat paracetamol kocht. Die kauwje ik de
hiele dei wat troch. Ik kry 30 pillen foar noch gjin 2
Euro dus ik kin efkes foarút.
Ik moat no noch 175 km. Dat is 6 dagen. Mei in dikke
wike bin ik thús. Nuver idee. Sa earst mar wer. Nije
wike it slotstik!
Yes!
De measten fan jim sille it al witte mar ik bin yn
Santiago!!! Sa nuver dit! Wit eins ek net sa goed wat
ik no skriuwe moat sûnder te ferdwalen yn alle clichés
dy goed fan tapassing binne. Ik sil jim meinimme yn
myn lêste dei dat ik rûn ha. Ik hie sliept yn in lyts
plakje dat de namme Ribadiso da Baixo hie. Fanôf dêr
wie it noch 43 km. Ik hie betocht dat dat mar yn twa
keer moast. Noch gjin idee oant hokker plak ik rinne
soe. It wie mar krekt wat de dei my brocht. It rinnen
woe yn it begjin net echt en ik fielde my ek wat
mismoedich
. Gjin idee hoe dat koe. Nei it middeis miel
hie ik noch 25 km foar de boech. It wie nuver mar it
rinnen gong ynienen fansels. Ik rûn mar troch en
troch oant it momint dat ik it pealtsje seach wer op
stie dat it noch mar 10 km wie. Dêr bin ik efkes sitten
gongen en ha alles wat troch my hinne gean litten.
Wie ik hjir no echt? En no? Trochrinne as net?
Ik hie eins noch neat besluten mar foardat ik it yn ‘e
gaten hie, wie ik alwer oan it rinnen. No, dan mar oan
stront oankomme. Hat ek wol wat heroïsch om de
lêste dei 43 km te rinnen. En sa stean je 2 oeren
letter by de kathedraal.
Ik wie eins net emosjoneel. Wat wol gek wie want de
ôfrûne trije moanne ha ik mear jankt dan de trije jier
derfoar. Ik ha myn aflaat ophelle en bin de kathedraal
yn gongen. Der ha ik foar bepaalde minsken in
kearske oanstutsen en myn tinzen de frije loop jûn.
Dêrnei in hoteltsje boekt en as de sodemieter om oar
underguod en shampoo. Ik hie myn hier al yn 10
dagen net wosken want ik hie de shampoo earne lizze
litten. Myn klean rûkten ek al aardich soer op dat
stuit….. dat ik rûkte mysels.
It hier woe pas nei de tredde kear waskjen skomje!
Wat in fet prúkje hie ik op ‘e holle. Dat se my rinne
litten ha! Myn shirt siet fol gatten dat die ha ik fuort
smieten. Hielendal fris en himmel bin ik op bed
gongen. Ik hie noch twa dagen want myn fleantúch
giet tongersdei. Juster wat troch de stêd swalke en
wat musea besocht. Noch hieltyd gjin emoasje. Fûn it
wol wat nuver mar it is sa it is.
Ester hie my sein dat ik nei it postkantoar gean moast
om’t der wat foar my wie. Dêr bin ik fannemoarn
hinne setten en doe ‘t ik de brief lêzen hie dy se dêr
foar my hiene, kaam der wol sa'n grutte smile op myn
gesicht ik straalde fan fier! Sa blier as wat pareerde ik
troch de stêd en it like wol as wie die fan my. Ik
dwaalde wat troch de stêd hinne en stie ynienen foar
de kathedraal. Dêr bin ik nei binnen gongen. De
pelgrimsmis soe krek begjinne. Hoe is it mooglik tocht
ik by mysels. Ik bin sitten gongen en ha lústere nei it
prachtich sjongen fan de nontsjes en de preek fan de
bêste man. It duorre net lang as de triennen fjochten
om foarrang. It wie in net te kearen barren. In âld
wyfke neist my bea in bûsdoekje oan dat ik tankber
oannommen ha. Alles kaam boppe.
Doe’t de tsjinst ôfrûn wie en ik stean gong seach ik
lyk yn Alex syn snút. Wat wie ik bliid om him wer te
sjen! We ha mekoar efkes goed fêst pakt en myn
triennen wiene noch net op. We ha yn in lyts barke
kofje dronken en ôfpraten dat we jûn út iten gean. Sit
no op myn keamer en ha de kriebels yn it liif. It idee
dat ik moarn wer by myn gesin bin is net te befetsjen.
Wat bin ik wiis mei dy beide froulje. Sûnder har hie ik
dit ik nea dwaan kinnen. Wat ha ik Ester faak belle as
ik it net mear sitten seach en eins nei hûs woe. Se
wist my altiid wer op te peppen en te stimulearjen.
Bedankt dêr foar leave... No sa ken it wol ta. It is per
slot fan rekken gjin leafdesferklearring.
Minsken freegje my no wat it mei my dien hat, mar ik
kin dat net echt ûnder wurden bringe. Ik socht neat
mar ha in protte fûn! Mocht alles goed gean dan wol
ik mei in pear jier nei Rome rinne. Dat giet dan wol yn
twa kear want 3 moanne sûnder gesin, famylje en
freonen is my te lang. Ik wol by dizze eltsenien
bedanke foar de moaie berjochten dy ‘t jimme stjoerd
ha. Jim ha gjin idee hoe goed my dat dien hat. Ik
hoopje jimme fluch te sjen!
Dikke tút fan in tige lokkige pelgrim
7
1...,3,4,5,6,7,8,9,10,11,12 14,15,16,17,18,19,20,21,22,23,...38
Powered by FlippingBook