De Havensbank: Desimber 2019 - page 23

Mei harren neisten tinke we nou nooh werris oan
har.
31 des 1970 Roelie Dijkstra - de Vries 50 jier
Gerrit van der Wal
54 jier
24 jan 1971 Otto Feenstra
23 jier
11 mrt 1971 Anne vd Weg-van tuinen
78 jier
28 mrt 1971 Harmen Kooistra
80 jier
3 apr 1971
Hedzer Kastelein
54 jier
23 mae 1971 Klaas P. Veenstra
74 jier
24 mae 1971 Sybe van Huizen
76 jier
30 mae 1971 Abraham van Wijngaarden 62 jier
6 sep 1971
Wiebrand Wuring
6 jier
8 sep 1971
Uilke Bergsma
49 jier
10 nov 1971 Siebren Tilma
80 jier
It wie in jier fan hiel hwat nije dingen. Greate
projekten kamen klear, lykas de sûnder poehah yn
gebrûk nommen suveringsynstallaesje fan’e Frico In
winsk fan ús is nou fansels dat ek it doarp hjirop
oansluten wurdt. We witte dat ek de Frico it mar hwat
graech wol en dat de earste kontakten tusken
gemeentebistjûr en Fricodireksje aI pleats foun hat. It
is as sa faek in kwesje fan sinten en dan spilet it
prioriteitenlistke ek in wichtige rol. Mar hwa wit rôlet
it jild ús kant opiens samar wer ris út. We hiene dochs
forliden jier ek net tocht dat der in nije sportseal
stean soe. En no wurdt dizze ek al wer in fearnsier
brûkt. De nije basisskoalle sil yn 1972 grif klear
komme en dan is it leste sté yn dat part fan Wergea
folboud. Noch ienris sil dan lykwols boumateriael
oanfierd wurde, hwant de yn febrewaris iepene
beukerskoalle blykt to Iyts en kriget as alles meisit in
tredde lokael yn 1972.
Nou’t we dochs op dy hoeke binne fine we dat
ek ris neamd wurde moat it knappe oansicht
fan ' e Hillebuorren. Forskate minsken hawwe
dêr yn’e rin fan’e jierren fan in âId hús in
knap wensté makke. In wurdtsje apart mei
Albert Bijlsma wol ris ha foar syn knappe wâl.
In moai stikje wurk. De feart sa simmers
delsjend falt it great tal boaten op dat Wergea
sa stadich as thúshaven hat. Hiel hwat
Wergeasters sykje harren fortier yn it wykein
op it wetter en dat kin de keatsforiening al
skoan witte. Mar hawar, ag de wolfeartsbúk
der nou keatsend of swimmend ôfgiet docht
der ek net safolle ta. Hwat der wol hwat ta
doch is de befarberheit fan’e Meanewei. Om
ûnforklearbere reden wie der dizze simmer
hast net to gean fanwege it planteguod. As
der nou regelmjittich hwat greate boaten
trochfoeren dan hâldden je in soal. Mar…! De
Meaneweibrége sit ticht, as leaver sein it is
gjin brêge mear. Petroland mocht de brêge
der wei helje. Oant hjoéd de dei leit de brêge
nêst
de brêge” en kinne allinne skouwen der
ûnder troch. In frjemde saek, dy’t by ‘t
neilêzen fan’e forslaggen fan’e Rie je ek net
dúdlik wurdt. lt sil dochs hooplik net nedich
wêze op klomkes en mei it bôlletrompke
ûnder de earm forskine moatte om foroaring
to krijen?
Nou’t we it oer foroaring hawwe, komme ús de
plannen fan de stêd yn’t sin. Se binne dêr harren
plannen al foarút oant it jier 2000 en dan sit de
mooglikheit der dat Ljouwert al in ein op wei is
nei Wergea en dat de Himpensermar en de
Greate Mar wer fol wetter sitte. Yn De Ljouwerter
liezen we: “Tussen beide uitbreidingsgebieden
ligt o.a. de Gr. Hempensermeerpolder en de Gr.
Wargastermeerpolder. Diir beide polders onder
water te laten lopen zou stadsuitbreiding in deze
richting uit het oogpunt van, een goed
woonklimaat aanlokkelijk worden. Warga zou dan
wel in die grotere plannen moeten worden
ingepast'! (Leeuw. Courant 15-12-1971). It is
noch net it jier 2000, mar minsken dy’t sizze ik
wol net heal yn’e in stêd wenje, kinne mei
huzenbou der nou al fêst rekkening mei hâldde.
Ik wit it net oft wy Wergeasters tusken
Ljouwerters wenje koenen. It binne oare
minsken. Se hawwe alteast in oare noas. Yn
Ljouwert rûkte in ider yn e buert fan’e
plasticfabryk, dy’t hjir nou draeit, in fize stank.
Der is noch gjin ien hjir dy’t hwat rûkt hat. It
rûkte yn’e smidte fan Pyt Zwart fan’t maeityd wol
tige nei plastik fanwege it feit dat Meindert
Fridsma seis man, sa gek krigen hie om seis in
polyester jongesboatsje to meitsjen, dy’t doe’t se
it ek troch Meindert ûntwurpen seil en fok hiene
tonei as Saiterjollen to boek steane. Noch in stik
as seis en in eigen Wergeaster klasse is ûntstien.
De gerneenteplannen foar 1972 strekke harren ek ta
út in greatere beplanting yn ús doarp. It bliuwt dus
net by in beamplantdei. De nije beammen hawwe it
op 2 nei dien en dat is nei alle trammelant grif in lyts
wûinder hwerfoar de trein fan Ljouwert nei it suden
sels stean bleau. Wy soene om dit artikel ôfslute to
kinnen, noch wol efkes stean bliuwe kinne by it nije
boekje oer de skiednis fan de Lytse Reed, de
première fan de film “Wergea Oerein" , it opnij
starten fan in mingd koar, it op wûnderbjusterbaerlike
wize yn gebrûk nimmen fan it sportfjild, de komst fan
de nije herf. dominy, de mislearre gearkomste oer de
heryndieling, de minne start fan ús Achtkampploeg,
de nijbou yn Wergea-west, mar we dogge it net. We
slute ôf mei de winsk dat ús doarp sa libben bliuwt as
yn it ôfroune jier, dat it ienheit siket en dat foaral in
elk syn eigen strjitte figuerlik (en miskien wie it in
goed ding as it ek letterlik barde) skjin hâldt. Waling
Dykstra, dy’
t dit jier betocht waerd, sei it sa;
AI wer is dit jier forroun
En it is wer âldjiersjoun
Einget efkes nou’t getsier
Och, it giet wer oan moarnier
Alles wol men better ha,
De iene dus en de oare sa
En’k soe freze, hjoed en jier
Binn’ wy noch allike fier.
Hwant it minskdom is forkeard,
Dêrom eint it goede neat.
Mar it béste hwat men kin
Is: hâld eigen strjitte skjin
Doch dyn wurk en hâld dy frij
Fan de wrâldske tsierderij.
v.d. V.
12
1...,13,14,15,16,17,18,19,20,21,22 24,25,26,27,28,29,30,31,32
Powered by FlippingBook