De Havensbank: Desimber 2020 - page 11

Rektifikaasje
Yn de foarige Havensbank is troch in flater fan de redaksje, net de folsleine tekst fan de "Wergeaster Reed"
printe. Dêrom nochris en no folslein.
De Redaksje
Wy wolle dochs graach in soarte fan ferantwurding ôflizze oan ús leden. Der is net folle gebeurd dizze ôfrûne
winter. Iis ha we ommers net hân, sterker noch, de baan hat net iens ûnder wetter stien. Wol binne der
elektryske kachels pleatst yn it iishokje. De gaskachel is no fuort. De oanskaf fan in inductieplaat foar it
opwaarmjen fan de poeiermolke dogge we as it echt wer ris winter wurdt.
De Bouwe Herder beker is útrikt oan Milan Rietveld foar syn prestaasjes op de 300 en 500 meter.
We hawwe in clinic holden op 13 des. 2019 yn de Elfstedenhal û.l.f. Rein Jonker. De dielname wie aardich (sa’n 18
man/frou) en elk hat wer wat opstutsen, ek de riders dy’t mei de regelmaat fan de klok op redens stean. As de
Corona fuort is organisearje we it fêst wer.
De skeelertocht foar de bern dy’t op priemmen stie koe net troch gean. Dat hâlde se tegoede.
Ofrûne wike is der ûnderhâld oan de lantearnepeallen útfierd troch bestjoersleden en frijwilligers. In oantal
peallen wurde erch suterich, wy binne ús oan it berieden om op Ledlampen oer te gean. Dy jouwe gâns mear
ljocht en moochlik kinne we dan mei minder peallen ta.
De ledelist hat in “update” hân. Ferhuzings en oare wizigings binne oanbrocht. We hawwe op it stuit 397 leden.
Dat oantal rint wat werom, dêrom is it ek needsakelik om yn de takomst wer in ledewerf-aksje te hâlden. It
measte ledejild wurdt automatysk ynkassearre mar der wurdt ek altyd noch ledejild by de doar ophelle. Troch
Corona is dat dit jier net mooglik. We sille dêrom dizze leden fan ’t jier freegje om it lede-of donateursjild oan ús
oer te meitsjen.
Statutêr binne Jan Dijkstra, Hettie Hettinga en Adrie Boermans ôftredend. Alle 3 hawwe harren wer beskikber
steld.
Hjir ûnder it finansjeel oersicht, dy’t de goedkarring krigen hat fan de kaskommisje.
inkomsten
uitgaven
contributie, rente en giften
€ 2.460
vaste uitgaven
verzekeringen
162
lidmaatschappen
112
nutsvoorzieningen
521
bankkosten
134
ov. uitgaven incl.
jaarvergadering
184
afdracht gewest
0
klein onderhoud
170
totaal vaste uitgaven
1.283
activiteiten
schoolschaatsen
668
clinic voor leden
130
skeelertocht voor jeugd
0
totaal activiteiten
798
totaal reguliere uitgaven
2.081
bijzondere uitgaven
861
onderhoud kantine +
verwarming
180
advertentie overlijden
totaal bijz. uitgaven
1.041
totaal uitgaven
€ 3.122
De Wergeaster Reed
As der gjin Corona wie hienen we op 17 nov. ús jiergearkomste holden. No’t de omstannichheden
sadanich binne dat de leden net by ús komme kinne, ha wy as bestjoer fan De Wergeaster Reed
besletten om fia dizze wei nei de leden te kommen.
6
1...,2,3,4,5,6,7,8,9,10 12,13,14,15,16,17,18,19,20,21,...36
Powered by FlippingBook