De Havensbank: Desimber 2020 - page 1

Corona mar dan oars
Puzzelje
Wergeaster reed
Brêgenijs
Nifelje is moai
Underweis
Sorry we missed you
Perspektyf
Winterlessen
Wachtsje net oant de stoarm foarby is, lear dûnsjen
yn ‘e rein
Doe’t wy yn 2016 as redaksje in folchoarder makken wa’t wannear it
âldjiersartikel skriuwe soe de kommende jierren mocht ik as jongste
redaksjelid as lêste yn ‘e syklus. 2020... Dat is noch in moai ein fuort tocht ik
doe, kin ik it keunstje noch moai in oantal jierren ôfsjen. Ek tocht ik doe, ik
hoopje al dat der dan wat leuke en bysûndere dingen binne om oer te
skriuwen…
TWATUZENENTWEINTICH!
De natoer hie ús fuort oan it begjin fan ’t jier al aardich yn ‘e besnijing. We
lêsden yn ‘e krante dat troch ekstreme drûchte en in rekôr hitte mei dêrby
wjerljocht, brânstifting én hiele hurde wyn Australië te krijen hie mei
ferskriklike boskbrannen. In hiele protte lân is ferwoest, minsken binne
omkaam en miljoenen bisten hawwe dizze ramp net oerlibbe. Harren simmer
gong de boeken yn as “The black summer”.
Hjir yn Fryslân ha we rûn dy tiid ek te krijen mei hiele hurde wyn, allinne gjin
ekstreme drûchte mar rein, rein, rein... Op snein 9 febrewaris raast der in
swiere stoarm mei wynkrêft 10/11 oer it lân. Bûten dat it ekstreem hurd
waaide, wat ek in protte skea oanrjochte, wie it bysûndere dat in Nederlânske
stoarm foar it earst in namme krige, dat wie Ciara. In wykein letter krigen we
de stoarm Dennis oer de lea, dy stelde mei wynkrêft 9 al wat minder foar, mar
feroarsake lykwols ek in protte skea. Wer in wike letter stie Ellen foar de doar.
Francis waard in simmerstoarm yn augustus en Gerda (de stoarm) ha we nea
sjoen… Dochs soe blike dat dizze stoarmen in stoarm yn in glês wetter wêze
soene fergeleken by wat ús noch te wachtsjen stie…
Oan it begjin fan dit jier hearden wy yn it nijs oer in nij firus yn it fiere Sina.
Der wie in útbraak yn de stêd Wuhan, de pasjinten hiene in longûntstekking.
De Sineeske autoriteiten ûndersochten it firus en de bron fan de besmettings.
Al gau wiene der hûnderten pasjinten yn Sina en ek kamen der minsken te
ferstjerren. Dochs tocht men doe noch dat it firus net hiel besmettelijk wie om’t
net in soad famyljeleden fan pasjinten siik waarden. It like der op dat de sykte
net maklik oerdraachber wie fan minske op minske. Noch gjin 2 moanne letter
bleek Sina dochs net sa fier fuort want it firus fleach yn no-time de hiele wrâld
oer om fia Italië en Eastenryk op 27 febrewaris oan te kommen yn Nederlân. In
lytse twa wike letter waard Fryslân “ferblijd” mei dizze net útnûge gast. Mei de
komst fan dizze net útnûge gast kamen der strenge maatregels mar ek kaam
der prachtich sinneskyn maitiidswaar. Bern boartsje bûten, minsken kuierje en
fytse, elts begjint op te rêden, ruten te himmeljen en it hûs te fervjen… Begjin
april ha we sels 19 graden op ‘e termometer stean, de koarte broek koe oan. It
is in tiid fan “hoe giet it? allegear noch sûn?”, “goed op elkoar passe!” en “sûn
bliuwe hear!” It is ek yn dizze tiid dat der hyltyd mear skrinende ferhalen nei
bûten komme fan minsken yn ‘e soarch dy’t te krijen hawwe mei deasike
minsken, mei de âlderein en handicapte minsken dy’t hielendal gjin fisite ha
meie. Fan ferhalen fan minsken dy’t slim siik west binne mar in ivichheid
nedich hawwe om wer te herstellen en miskien nea wer de âlde wurde sille…
Nei de maaiefakânsje fersoepelje de maatregels wer wat, meie de bern wer nei
skoalle en meie we mei maksimaal 2 minsken wer by elkoar op fisite. De
basismaatregels bliuwe fan kracht mar toch fielt it net hielendal oké.
Oardelmeter is soms best lestich en no’t de regels wat ferromme binne fernim
je ek dat de iene der wat losser mei om giet as de oare. En al dy tiid de sinne
mar skine, de fûgels fluitsje dat it sa wat docht en mei 25 graden op ‘e teller is
it prachtich boatsjewaar.
60
jier
Deimber 2020
1 2,3,4,5,6,7,8,9,10,11,...36
Powered by FlippingBook