De Havensbank: Desimber 2020 - page 7

Jeften
Tige tank foar alle jeften fan ´t ôfrûne jier!
€ 25,00: J.S. en D.S.d.J.; T.Z.; S.d.B.; G.v.W.
€ 40,00: K. en T.d.G.
€ 100,00: Huisartsenpraktijk Warga
€ 100,00: Gjalt de Groot
€ 250,00: St. Gebroeders Van der Woude
Foar ús 60 jierrige Havensbank wie 2020 in bysûnder jier. De doarpsaginda’s yn de maart en april edysjes mei
de trochstreepte aktiviteiten kamen hurd oan. En de krappe kopij, sis mar rêstich gjin kopij, makke dat wy yn
maaie gjin Havensbank útjûn ha. Litte wy hoopje dat de aktiviteiten dy’t dit jier net trochgean koene yn elts gefal
yn 2021 plak fine meie!
Ut namme fan de folsleine redaksje winskje ik elkenien in lokkich en foaral sûn 2021!
Ypie Kerkstra-Pijl
Nijjierswinsk
Graach wol ik eltsenien in sûn en lokkich
nijjier tawinskje en benammen dyselden dy
't sa út en troch by my troch de doar
komme, belje as mei my te kuijerjen gean.
Tige tank derfoar.
Truus Mud- v/d Berg
Lytse mienskip hat it dreech
Gjin sportwedstriden, gjin gearkomsten, gjin aktiviteiten yn de doarpshuzen, gjin nijs foar de doarpskrantsjes as
bining fan de lytse mienskip. Der bart neat, wêr moatte we dan oer skriuwe. It doarpslibben hat it yndied dreech
mar oan de oare kant fernimme jo no ek it ferlet wat der is, nei dizze sa gewoane saken.
It doarpskrantsje as bining yn ús lytse mienskip, wat wurdt der fan’t jier nei útsjoen benammen troch de
âlderein. Mei alle beheiningen fan dit jier seagen se út, telden de dagen oan’t it doarpskrantsje by harren yn de
bus kaam.-Mar it is net allinne de âlderein dy’t wat oars sjocht nei it sa fansels sprekkende. We sjogge allegearre
mei wat oare eagen nei ús sportferieningen, de gearkomsten, de doarpsaktiviteiten, it doarpshûs of as’t der noch
is: it kafee. De frijwilligers, de wrotters foar en yn ús lytse mienskip. Ik prate yndertiid ris mei in suteler yn
koeken foar de fûgelwacht. Hy die dat foar it fûgelfersoargingsfûns foar it fuorjen yn de winter. Mar sei er: ‘Ik bin
der mei opholden, it wie dêr allegearre jild en nea mear in strange winter.’
No trof ik him wer, in praatsje, hy seach it no wat oars, ja fan dat jild dêr wie gjin ferlet fan, mar wol fan dat
praatsje by de doar, hoe faak hiene de minsken net frege: ‘Jo moatte der efkes ynkomme’. We hiene in praatsje,
in smout ferhaaltsje, der waard lake, ik hie in sosjale funksje en der doe nea by stil stien. De tiid fan no iepenet
ús faaks wer de eagen. We steane der wol efkes by stil dat it besef fan de kwaliteit fan libjen yn mear sit dan in
goed ynkommen, dat we stride moatte foar it behâld fan it mienskipslibben en sûne libbensromte om ús sa mei
elkoar lokkich en feilich te fielen yn Fryslân.
As skriuwer fan it boek
We strûpe derûnder!
fyn’k dat wichtich,
wol ek mei besykje om dy lytse mienskippen te stypjen.
Doch dat hjir troch fan elk yn Wergea ferkocht boek 5 euro te skinken oan De Havensbank.
De boeken binne te krijen by Lolke van der Meer,
Turfskipper 12, Wergea (058) 255 23 32 of 06 – 3062 6357,
.
Lolke hat der al 60 ferkocht, geweldich, mar gelokkich, hy hat mear!
Gjalt de Groot
Annie Sinnema-Jorna
Wytgaerd 24-03-1929 - Weidum 31-10-2020
It âldershûs is net mear...
Wat oerbliuwt binne waarme leafdefolle oantinkens en foto’s fan ús mem.
Wy wolle eltsenien hertlik tanksizze foar it meilibjen yn hokker foarm dan ek.
Har bern, beppe- en oerbeppesizzers
4
1,2,3,4,5,6 8,9,10,11,12,13,14,15,16,17,...36
Powered by FlippingBook