De Havensbank: Desimber 2020 - page 26

Oare tiden, weromsjen yn it ryke
argyf fan de Havensbank, dizze kear
desimber 2010
Ald en Nij mei de Animal Cops
Nuttert Tiemersma wenne in eintsje út ‘e buorren,
oan in swart reedsje. Hy mocht dêr graach tahâlde,
moai út ‘e drokte. Hy hie ek net folle oanrin, twa kear
wyks de winkelwein op it hiem, dat wie it wol sawat.
It wienen oars poerbêste jonges, hy kocht graach by
harren. Ofrûne simmer wie de wein noch moai
fleurich opkreaze, earsteklas fakwurk. Hy kaam dêr
oars neat te koart op syn pôle. It ienfâldige
komelkersspultsje, wêrop heit en mem noch buorke
hiene, koe it him ommers skoan dwaan. Guon
minsken yn it doarp woenen ha, hy soe it âlde
rottekleaster mei grûn en al ferkeapje en him tusken
it folk nei wenjen sette. Dan glimke hy mar wat. Se
wisten net wêr ’t se it oer hienen. Wa hie sa’n moaie
tochtsleat efterhûs dêr ‘t graach ris in snoek yn
húsmanje mocht? Moarn wie it Aldjiersdei, se hiene
oant no ta in iepen winter, dus wat hold him tsjin om
op de lêste dei fan it jier de snoekangel noch efkes út
te smiten mei in aldermoaist lyts foarntsje oan ‘e
heak? By de dûker lei noch in âldfader op him te
wachtsjen, dêr wie der wis fan. En sa’n snoade rôver
liet him út noch yn net fange mei sa’n ûnnoazel stikje
keunstaas lykas dat hjoed de dei wizânsje wie.
Boppedat, der kaam hjir noait in plysje op dit ein, hy
hoegde nearne oer yn te sitten. Want wietteelt foar
eigen- en grutgebrûk die hy nammers ek net oan. De
akkomodaasje liende him der oars wol foar, mei in
moaie, romme heasouder foar de cannabisplant. Mar
hy soe it net ha meie en helje op syn leeftyd, 82 jier
mar leafst, noch frjemdsoartige rûs- en
genietmiddels. Ta de nacht in lyts brandewyntsje, dêr
koe gjin kwea fan komme.
Kom, hy soe earst syn beide kninen mar efkes
ferskjinje. De moaie, âlde útdrukking „mjuksje‟ rekke
spitigernôch wat út ‘e tiid, it soe grif moade wêze.
Twa hokken hie hy yn it lyts bûthús stean, in eintsje
fan elkoar. Lofts hie Dion ûnderdak krige, in moaie
Lotharingen raam fan krapoan in jier. Yn it oare hok
hold Esther ta, in oanfallige Wite Wener, in wyfke.
(Foar wa’t net al te bot thús is yn de kninewrâld: in
Wite Wener is in soarte fan lytse Flaamske Reus, mar
dan net mei reade, mar mei blauwe eagen.) Nuttert
makke de hokken skjin, die der ryklik strie en hea yn,
struide mei rinske hân earste soart kninebiks yn it
rib, ferfaske it wetter en futtele nei bûten. Noch in
slach om it kampke en dan yn ‘e hûs. It rûn op it lêst
nei iterstiid en hy wie in man fan de regel. “Fuck
you‟, it ûntkaam him suver en fuort hie hy spyt fan
syn sizzen. Hy wist wat dy útdrukking betsjutte, de
jongerein brûkte dy langer om it oare wurd, mar it
paste in goed 80 jierrige net om sok grouwelich praat
te imitearjen. Mar wa soe net duvelske lilk wurde by
it oanskôgjen fan it toaniel dat him dêr op syn
kampke lân ôfspile? De helte wie omwuolle, dy
duvelske mollen. Net dat hy it lân noch brûke soe
foar bygelyks grutte grazers, lykas Heckrunderen en
Konikpaarden, mar it wie gjin gesicht.
No hie hy okkerdeis yn de doarpskrante in advertinsje
sjoen wêryn in mollefanger út it doarp syn tsjinsten
oanbea oan al dyselden dy’t troch dit naasje negere
waarden. Hy soe moarn it aldjiersnûmer goed
riedplachtsje, it tillefoannûmer notearje en de man
skilje. Dizze wie net goedkeap, waard der sein, mar
dat koe him neat skele. Soks hold ek yn dat hy
fakwurk ôflevere en dêr hie hy wol mear as in
grypstehealstoer foar oer. No’t hy dochs oan it
doarpsblêd tocht: hy soe hjoed of moarn ek mar
werris wat jild oermeitsje nei de ponghâlder. It
hoegde net oerdreaun te wurden, mar de redaksje
moast al yn bytsje troch de tiid komme kinne….
Lang om let slagge Nuttert yn ‘e hûs en joech him del
yn syn fauteuil, midden yn de keamer. Mei niget
seach hy nei Geale, syn goudfisk, dy’t moaie
diagonaaltsjes makke yn syn nije kom. Ek Klaske, de
kavia, fermakke har ta de teannen út yn har romme
koai. Hy hie okkerdeis by de PetPlace in moai
tredmûntsje foar har kocht. In hiele tiidkoarting foar
sa’n bist, al koste it in pear sinten. Hy soe noch wat
skjinne skaafspuonnen foar har helje, dan koe se de
nacht ek waarm trochbringe. It feroare oars hurd mei
de wrâld, it waard der allegear net nofliker op.
Koartlyn seach hy op de tillevyzje in spotsje wêryn in
âldman suver troch Animal Cops, de nije bisteplysje,
oppakt waard om’t hy, sa as se seinen, syn hûn net
goed fuorre hie. Propaganda fansels, mar it joech te
tinken. Nee, hy hold him mar moai by it tichte- by-
hûs nijs, lykas yn de doarpskrante moarn, mei de list
fan ferstoarnen yn it ôfrûne jier. Hy hie se allegear
goed kinnen, dêrom waard hy der op dat stuit altyd
slim mankelyk fan. Wannear soe it syn tiid wêze? Net
oan tinke, de tillevyzje oan. Hy mocht graach nei in
Ingelske detectivesearje sjen. Mar ek ‘Oh oh Cherso’
seach hy nei út, hiene se soks mar foar moade hân
doe’t hy jong wie, hy hie it wol witen… Tsjin healwei
tsienen siet hy de oare moarns foar it rút. Yn neat hie
de natuer it eigenskip fan de lêste dei fan it jier. It
motreinde in bytsje, de wyn kaam út it súdwesten.
Dêr kaam my al in lúkse wein de reed del. Dat moast
it folk fan dy fuotbalklub út Grou wêze. Hy hie de knip
al klear lizzen, út in draaf nei de foardoar. De beide
mannen dy’t út de auto stapten liken lykwols yn de
fierste fierte net op oaljekoeksutelders. De iene wie in
grutte, swiere fint dy’t beselskippe waard troch in
drok pratende jongkeardel dy’t sawat in kop lytser
wie. “Se ha in protte fan Dalziel en Pascoe‟, tocht hy,
syn grutte helden fan de tillevyzje. Dêr stiene se al
foar him op ‘e stoepe, de plysjepennings yn ‘e hân.
“Tiemersma?‟, frege de lytse koartôf. “Dy bin ik‟,
andere Nuttert, “dêr hoech ik net om te ligen‟. De
lange, grouwe ferfette: “Wy binne fan de bisteplysje,
de Animal Cops. Yn ús database stiet dat jo twa
kninen, in goudfisk en in kavia hawwe. Dy soenen wy
graach ynspektearje wolle‟. “Kom yn, kom yn‟,
noege Nuttert, tige bliid dat hy syn lytsfee suver
krekt sa goed fersoarge hie. De lytse stapte yn ‘e
keamer en beseach mei arguseagen it ûnderkommen
fan Geale en Klaske, wylst hy koarte notysjes makke
yn syn laptop. Syn maat wie ek al wer ridlike gau
werom, se flústeren in amerij en Nuttert wachte it
oardiel ôf. “Dit liket hjir wol op fleanen‟, sette de
grouwe útein, “De kninehokken binne fiersten te
behindich.
14
1...,16,17,18,19,20,21,22,23,24,25 27,28,29,30,31,32,33,34,35,...36
Powered by FlippingBook