Ien dei oerslaan fan ferskjinjen en de stomme dieren
sitte mei de kop tsjin it dak oan. De kom foar jo
goudfisk is ek te lyts, op syn minst 50 sintimeter yn ‘t
rûn moat dy wêze. En de tredmûne foar jo kavia is
libbensgefaarlik foar it bist.
At se fûleindich útein set, en de boel bliuwt heakjen,
dan is se gau kavia ôf. En dan dy mollen efterhûs…‟
Nuttert ûnderbruts him rimpen: ‟Dêr sil ik moandei in
loop fan ha. Wy ha hjir in earste klas mollefa…‟ “In
mollefanger?‟, rôp de lytse mei ôfgriis, “dy bisten
hearre yn harren natuerlike habitat te bliuwen. Jo
fuorje se eltse dei trije kear mei fette wjirmen en jo
dekke tsjin de jûn it gebied ôf mei reidmatten tsjin de
kjeld. En Tiemersma, jo fee wurdt hjoed noch
ophelle, dit kin hjir langer net mear sa. En sjoen jo
leeftyd meie jo ek gjin nije bisten mear oanhelje. Wy
geane no fuort. Goeiendag‟
Slim telider slein seach Nuttert de beide mannen nei.
Bisteplysjes, hoe krigen se it foar elkoar. En hy soe
dat ûngedierte efterhûs ek noch fetmeste moatte? En
waarm hâlde? Ryklik betiid en mei triljende hân geat
hy him in brandewyntsje yn, rydboskjend oer alle lea.
Hy hie wolris moaier Aldjiersdei hân. En doe wie hy
gau beret. Hy sneupte yn it tillefoanboek, draaide in
nûmer en frege oan de freonlike juffer fan
wenningboukorporaasje ELKIEN om in
ynskriuwformulier foar in hierwente. Hy soe him yn
de buorren nei wenjen sette….
Wiebe Sinnema
‘We strûpe derûnder!’
Grut sukses!
Yn Wergea binne al 60 boeken ferkocht.
Gjalt makket nochris 100 euro oer en dêrmei
hat de Havensbank no 300 euro krigen.
De twadde printinge yn seis dagen útferkocht,
de tredde printinge is ûnderweis.
In boek foar ûnder de krystbeam!
Lêz ek it stikje: ‘Lytse mienskippen hawwe it
dreech’, earder yn dizze Havensbank.
Kerkdiensten januari 2021:
St Martinusparochie
Zo. 3 jan.
09.30 uur Euch. B. van der Wal
Di. 12 jan. 19.00 uur Euch. B. van der Wal
Zo. 17 jan. 09.30 uur Wo.Co. Litrugiegroep
Di. 26 jan. 19.00 uur Euch. B. van der Wal
Zo. 31 jan. 09.30 uur Euch. B. van der Wal en
P. Vermaat
Contactpersoon: Jan Meinderts, (058) 255 15 65
Preekrooster PKN gemeente Wartengahe
3 jan. 09.30 uur Warten
ds. A. Buizer
10 jan. 09.30 uur Warten
ds. J. van Doorn
17 jan. 09.30 uur Warstiens ds. W. Tinga
24 jan. 09.30 uur Warten
ds. A. Buizer
+ Gereformeerde Gemeente leden
31 jan. GEEN DIENST
Contactpersoon: Janneke de Ruiter, (058) 843 55 49
Kerkdiensten Doopsgezinde gemeente Mid-Fryslân,
Hoofdstraat 44 te Grou
I.V.M. CORONA VOORALSNOG GEEN DIENSTEN!
Contactpersoon: Jeltje Kooistra,
(058) 255 12 92
Kerkdiensten van de gereformeerde pkn. kerk
Warten-Wergea-Warstiens
Kerkdiensten zullen gehouden worden met
inachtneming van de regels van RIVM.
3 jan. 10.00 uur
Kerkenraad – Nieuwjaar
Wensen
10 jan. 09.30 uur
ds. A. Bouma
17 jan. 09.30 uur
ds. A. Elverdink
24 jan. 09.30 uur
ds. A. Buizer-Tchiengang
Gez. met de Herv. Gemeente
31 jan. 09.30 uur
Foar eltsenien Seine krystdagen en in sûn en lokkich nijjier
tawinske!!
‘Houd moed, heb lief!
Contactpersoon: Botina v.d. Hoek-v.d. Meulen
15