Jan
n
ewaris 2018
Krystkonsert fan de Kriich op Warstiens
Op freed 22 desember hie de Kriich in bysûnder krystkonsert yn it tsjerkje
fan Warstiens. Bysûnder fanwege de spesjale krystsfear kompleet mei glüh-
wein, poeiermolke, en foar in protte besikers, de fytsreis nei Warstiens by
nacht.
Mar ek bysûnder omdat it konsert eins in muzikale begelieding wie fan it
wrâldferneamde krystferhaal “A Christmas Carol” fan Charles Dickens. Yn it
Frysk oersetten troch Tryntsje van der Zee hyt dat “In Krystliet”. Yn
Warstiens waard it spile troch Bert Sinnema en Mathijs Mud. Ferteller wie
Aukje Sinnema.
Wat in moai initiatyf fan de Kriich om de kombinaasje te sykjen mei toa-
nielspyljen. Ut it hokjestinken wei, sykje nei dwersferbânen. Prachtich om
te sjen dat in gearwurking tusken ferskillende kulturele dissiplines ta
sa’n moai resultaat liede kin. In grut kompliment oan de Kriich dat sy dit
mooglik makke hat.
Want wat hawwe de oanwêzigen, it tsjerkje siet mudfol, in moaie jûn hân.
No is in hiel konsert Hafabra-muzyk (harmonie, fanfare, brassband) my gau
te folle. Dat hie ik no net. Mei faasje wurke de Kriich, ûnder lieding fan diri-
gent Michiel Sybesma, in 17-tal, mear en minder bekende krystferskes
ôf. Fan “Een roze fris ontloken” oan’t it mear resinte “Driving home for
Christmas” en alles wat je dêr mar tuskenyn betinke kinne. De Kriich hie
wille oan dit konsert, dat wie oan alles te sjen en te hearren. Fersterkt mei
de âld-leden Sjouke Helfrich, Gelina de Boer, Jurgen Scholtanus en Sieb
Kerkstra koe de Kriich ek yn in moai komplete besetting optrede.
Tusken de nûmers fan de Kriich waard it krystferhaal fan Dickens ferteld.
In ferhaal wêryn’t de hurdhertige Scrooge (Bert) ûnder lieding fan in tige
ferlichte geast (Mathijs) stadichoan feroaret yn in ynmoedich en úteinlik ek
noch emosjoneel mins. Beide akteurs hienen der sin oan en je koenen sjen
dat sy in protte wille beleefden oan dizze rollen en oan de gearwurking mei
mekoar. Der wie seker gemy tusken dy twa. Gelokkich naam de treflike fer-
teller (Aukje) harren sa no en dan efkes by de hân om it ferhaal yn goeie
banen te hâlden. Aukje spruts mei heldere stem, wie goed te ferstean en
koe de yntinsje fan it ferhaal goed oerbringe.
Beide eleminten, toaniel en muzyk, wienen tige fersoarge mar de mearwear-
de siet fansels yn it byinoar bringen fan dy twa. Je hienen net it gefoel dat it
ferhaal ûnderbrutsen waard troch de muzyk of oarsom. Koartsein in hiel mo-
ai geheel dat besluten waard mei in daverjend applaus, in steand publyk, en
in dankwurd fan foarsitter Hans Scholtanus oan alle minsken dy’t meiwurke
hienen. En dat wienen in hiele protte. Ik tink wol dat ik út namme fan de
besikers de Kriich betankje mei foar dizze moaie jûn.
Tom Kamsma