De Havensbank: Jannewaris 2018 - page 11

Stichting Wurkgroep Werregea Ald – Wergea Nij
Jieroersjoch 2017
De wurkgroep hat dit jier 6 kear gearsitten. Haadsaak
wie it meitsjen fan it nije jubileumboek yn 2017, Ien
en oer út ‘e skiednis fan Wergea, diel 7. Yn maaie
wiene de artikels skreaun en koe de opmaak fan it
gehiel begjinne. Yn july is it ûntwerp by de printer
Caparis yn it Hearrenfean brocht. Ein septimber wie it
boek klear en tige nei it sin. Yn oktober hawwe wy
mei in bulte help it grutste part fan ‘e boeken oan ‘e
man brocht, mar útferkocht binne se noch net. It wie
spitich dat twa fan ús skriuwers, Wiebe Sinnema en
Theo van der Werf, it einprodukt net mear belibje en
besjen mochten, hja ferstoaren yn oktober 2016 en
febrewaris 2017. Wy hawwe de stipe fan in fiks tal
sponsors tige op priis steld. Se stean allegearre yn it
kolofon fan it boek.
De winterjûn yn Us Doarpshûs op freed 3 febrewaris
waard goed besocht. Wy fertoanden dy jûn nei it skoft
in film fan de merke fan 1979. Foar it skoft fertelde
Haijte Haijtema ien en oar oer de betide skiednis fan
Wergea oan de hân fan boaiemfynsten en histoaryske
kaarten.
De films dy’t wy oer Wergea ha binne troch it Fries
Film Archief yn Ljouwert digitaal makke en dy
bestannen binne op in oantúgde eksterne hurde skiif
setten en sa hawwe wy no de mooglikheid om dizze
films ek oan de Wergeasters te fertoanen.
Wergea falt sûnt 1 jannewaris 2014 ûnder de
gemeente Ljouwert en foar ús wurkgroep betsjut dat
dat wy no yn gearhing mei de histoarje te krijen ha
mei it Historisch Centrum Leeuwarden (HCL). Nei in
petear mei konservator Alexander Tuinhout en in
kollega oer wat wy foar inoar betsjutte kinne op de
langere termyn sil der besjoen wurde hoe’t soks dan
ek hannen en fuotten krije moat. It doarpsfoto-argyf
is dêr al ûnderbrocht en yn de kommende tiid wolle
wy as wurkgroep der op ta om mear materiaal by it
HCL ûnder te bringen, om it sa foar in breder publyk
tagonklik te meitsjen mei as foardiel dat der ek op in
mear ferantwurde manier op past wurde kin.
Us argyf is foar it grutste part rubrisearre en
oersichtlik yn kaart brocht. Dit waard altyd byhâlden
troch Johannes Kooistra. Johannes hie al oanjûn dat
hy der om syn sûnens mei stopje moat. Tige spitich.
Wy hawwe him (en Trynke) yn maaie op passende
wize mei in itentsje betanke foar alles wat er foar ús
út ‘e wei setten hat. Hy krige dêrby in oarkonde en
foto. Foar Trynke wie der in moai bosk blommen.
It persoans- en groepsfoto-argyf is yn behear by
Wiepkje de Bruin. Sy fersjocht de foto’s digitaal fan de
nammen. In yntinsyf en tiidrôvjend stik wurk.
Dit jier hat de Wurkgroep wer ferskate minsken helpe
kinnen mei it finen fan ynformaasje of koe harren yn
elk gefal wize hoe’t se dy ynformaasje fine kinne.
Ek hawwe wy minsken dy‘t ús om foto’s frege ha, as
dat koe, holpen. Underwilens tinke wy nei oer hoe
guon stikken fan ús argyf foar in breder publyk
tagonklik makke wurde kinne.
Finansjeel waard 2017 ôfsletten mei in batich saldo
fan € 6500,59.
De oanwinsten fan de Wurkgroep bestiene út: Foto’s,
foto-albums, fotoboek, buordsjes mei skoallenammen,
notulen elektryske froulju, lintsje mei in reedsje
Wergeaster Reed.
It stiftingsbestjoer bestie op 31 desimber út: Jan
Meinderts (foarsitter), Rinze Visser (skriuwer), Sjoerd
L. Spykstra (ponghâlder), Jan Swierstra, Nerus
Goïnga, Germ de Boer en Wiepkje de Bruin-
Steenbeek.
Winterjûn 2018
Op
woansdeitejûn 14 maart
hâldt de Wurkgroep har
jierlikse winterjûn yn Us Doarpshûs. Oare jierren wie it
altyd op freed mar troch de drokke besetting op dy jûn
moatte wy no op woansdei, it begjint om 20.00 oere.
Wy ha ús âld-foarsitter
Sybren van der Vlugt
frege of
hy noch ris de lêzing dwaan wol oer
skel- en
bynammen
. Dat ha’k al ris dien yn 2006, sei er. Dan
liket it krekt as koe ik neat oars betinke. Mar wy trunen
oan en doe hat Sybren tasein. Hy pakt it ûnderwerp
wat breder oan en yn de lêzing krije de kleurrike
figueren mei harren skelnammen harren plakje.
In jûn om nei út te sjen, liket ús. Set it yn jimme
bûsboekje of de aginda fan jimme smartphone.
Ut namme fan de Wurkgroep WAWN,
Rinze Visser, skriuwer
Natoernijs
Mei wat dizich, mar rêstich waar en net kâld binne wy
yn ‘e Delen om te sjen as der ek wat einespul del
strutsen wie. Wy koenen net goed oer it wetter eagje,
dêr wie it te skier foar. Op in beam seagen wy
poddestuollen, griis elfebankje en earzwam. Op it
wetter seagen wy krak- en tûfeinen.
Nei noch in eintsje rinnen kamen wy by de
Warrebrêche. Yn de 2e wrâldkriich hawwe d'r
meardere wapendroppings yn it hjoeddeistige
natoergebiet De Deelen west. Se waarden dropt op
stripen. D'r waard ek doe noch wol turf makke en d'r
wie brânstof tekoart. Omdat de Dútsers hjir eins net
doarden te kommen en dêr in soad reid wie, wie it ek
in moai ferstopplak. Master S. De Groot út Aldeboarn
hat dêr ek skûlplak hân. Wy stiene dêr op in brechje
dêr't yn 1944 in pream mei reid ûndertroch fear.
Under dat reid leine wapens dy 't fia Aldeboarn en
Akkrum nei Tersoal brocht binne. By de brêgen stiene
sa no en dan Dútske soldaten. Wat wie it dan in
opluchting as dy seinen:"weiter fahren".
6
1...,2,3,4,5,6,7,8,9,10 12,13,14,15,16,17,18,19,20,21,...32
Powered by FlippingBook