De Havensbank: Jannewaris 2018 - page 7

Us Doarpshûs gaat verder met het
tabletcafé onder de naam:
Oplaadpunt
Iedereen kan hier terecht met vragen over zijn of
haar tablet of smartphone. Als je al heel veel weet
over je apparaat maar ook als je er nog helemaal
niets over weet. Ook kun je langskomen om eens te
kijken hoe een tablet of smartphone werkt. De
mensen van AanZet helpen je graag!!
In maart starten wij bovendien met een cursus op de
dinsdagmorgen.
Hierover meer in de volgende Havensbank!
Toanielferiening
Halbertsma Wergea
Dit jier spilet toanielferiening
Halbertsma “Slippers”. In stik fan
de ferneamde Ingelske
toanielskriuwer Alan Ayckbourn. It
ûnder de titel “Relatively speaking”
útbrochte stik hâldt in fergrutglês
boppe ús minsklik geknoffel. Je laitsje om de
bekrompene en eigenwize “medemens” mei yn je
efterholle it gefoel dat je om jesels laitsje.
Ayckbourn is in skriuwer dy’t mei in soad humor de
ivige misferstannen tusken manlju en froulju ûnder
eagen bringt en minsken masterlik by inoar del prate
lit. De toanielstikken stean garant foar in noflike jûn
mei in soad wille.
Ackbourn wit situaasjes te kreëarjen wêryn’t de
personaazjes harren yn allegearre bochten wringe
moatte. De taskôger hat faak al yn ’e gaten hoe’t de
stok oan ‘e foarke sit (alteast, men tinkt it te witten)
en is benijd hoe’t elts him derút rêde sil. Earder spile
Halbertsma fan dizze skriuwer “Fjouwerspan” en “Elts
foar himsels“.
Yn “Slippers” hawwe de fjouwer personaazjes Ginny
(Janna Veenstra), Gejus (Johannes Sinnema), Sheila
(Aleida Fennema-Hempenius) en Philip (Bauke van
der Veen) oannimlike redens om net it efterste fan
harren tonge sjen te litten. Ginny en Gejus wenje sûnt
koart mei elkoar yn in fletsje. Ginny hat in stikeme
relaasje mei har baas (Philip) mar wol hjir mei
ophâlde. Se sil nei him ta en makket Gejus wiis dat se
in dei nei har âlden giet. Gejus fettet it idee op om
hjir ek hinne en dan om de hân fan “harren dochter”
te freegjen. Philip, dy’t fansels thús neat oer syn
affêre fertelt hat en syn frou derfan fertinkt frjemd te
gean, wurdt no thús mei Ginny konfrontearre. En dy
jonge, is dat de frijer fan syn frou? Sheila hat neat yn
’e rekken, liket nayf, mar is se dat wol?
Slippers wurdt opfierd op freed 23 en sneon 24
febrewaris om 20.00 oere yn ’e Bidler. Beide jûnen is
der nei ôfrin live muzyk. De foarferkeap is tiisdei 13
febrewaris yn it Doarpshûs fan Wergea. Om 19.00
oere foar leden en om 19.30 oere ek foar net leden.
Oant dan!
Bêste minsken,
Mei it begjin fan it nije jier
hat der drekt in feroaring
binnen it bestjoer plak fûn.
Wy hawwe nammentlik
spitigernôch ôfskie naam fan Ype Kerkstra, dy’t nei 8
jier it soosbestjoer ferlitten hat. Wy wolle Ype hiel
graach betanke foar al syn ynset tidens dizze jierren
en fine it dan ek knap dat er it sa lang fol hâlden hat.
Op it momint fan skriuwen hat it feest noch net west,
mar op 20 jannewaris hawwe wy “The return of
Sequelz”. Dizze jûn wurdt fersoarge troch ferskate
DJ’s, dy’t om en om de grutste hardcore en hardstyle
hits troch de boxen dreune litte.
Wat hawwe wy fierder op ’e planning? Yn it wykein
fan 9, 10 en 11 febrewaris is ús jierlikse Caribbean,
wêrby’t de kachel op 30 graden giet en de soos fol
goait wurdt mei sân. Dus lûk de koarte broek mar oan
en wês der by! Derneist hawwe wy dan ek wer
caribbean foar de basisskoallebern.
Fierder sille wy de kommende tiid ek noch in oantal
themafeesten ha. Hâld dêrfoar de Havensbank,
Facebook en de SZDRNZLL site goed yn ’e gaten!
Oant sjen!
It SZDRNZLL bestjoer
4
1,2,3,4,5,6 8,9,10,11,12,13,14,15,16,17,...32
Powered by FlippingBook