De Havensbank: Jannewaris 2018 - page 13

De wapens binne by grienteboer Durk Dykstra[Durk
apeltsje] yn Tersoal yn it skiphûs brocht. Dat bin de
Dútsers gewaarwurden. Durk Dykstra hat it mei syn
libben bekeapje moatten. Hy is op 6 april 1945 by de
Zandvoorderhoek fan Nijemardum troch soldaten fan
de Sicherheidsdienst deasketten mei 4 oare
fersetsstriders. Hy liet in frou en 3 bern nei. De pream
waard mei stokken of tou foarút lutsen.
Oer in brechje seagen wy in plak dêr’t in brune rot
sitten hie te ieten .de swanemoksels skulpen leinen
der noch, de ynhâld wie der út .De rot sit dan op in
pôle dy’t heger is as de grûn en lit de skulpen der
boppe op lizze.
Op it brechje sieten de oranje
dripswam en de giele
koastswam, it ikeblêd swamke
en noch in read oranje swam,
mar de namme hjirfan witte wy
net. Op it ein fan de sânreed
stean yn, ‘e simmer wol 100
gentianen, dit is tige seldsum. Dizze bloeie yn juny en
nei 15 juny mei jo der yn. Op dizze plant leit it
gentiaan flinterke syn aaien . De
plant komt foar op paden dy’t
berûn wurde.
Yn ‘e feart seagen wy ielstikels,
fontijnkruid, gele waterkers .Ek de
rietsigaar en helmvlieg stiene oan
‘e kant. Fierderop de giele trilswam,
bûterkollybia,parelstiuwswam,
flewielpoatsje,readpoarjehoutswam
,pearse tril swam,gielekorst swam.
Wy hawwe op de “Froske Pôle “ ek in hiel moai
poddestuoltsje fûn, op in beamstam dy’t omlei en der
sieten knal reade poddestuoltsjes op,de rode
kelkzwam , prachtich. Dit hearden wy fan ek in
natoermantsje en wy der hinne, no it wie de muoite
wol wurdich.
Nei noch wat rinnen seagen wy in 18 grutte
seachbekken, grutte wite riger en knobbelswannen.
Efkes letter noch twa seachbekken en in span
nylguozzen, de slobein, smjunt, piiptsjilling
[wintertaling]. Oan ‘e ein waarden wy noch traktearre
op in span nonnetjes, dy’t wy noch net earder sjoen
hienen, dizze winter Op dit stuit binne de guozzen ek
wer del strutsen yn de mar. Dries en Liz kenne de
nûmers fan út harren hûs wol lêze. Jo kinne de klok
der op lyk sette ein desimber begjin jannewaris strike
sy dêr del.
Grutte seachbek [mantsje]
It is hjoed 17 jannewaris
roetkâld mei hagel en wiete
sniebuien. Der steane soms
stikken lân ûnder wetter.
Mar wa jouwe der neat om;
de ljippen en wilsters. Yn
Fryslan sitte op dit stuit tûzenen ljippen oer de hiele
provinsje. Wat soe it moai wêze oft de helte der fan
hjir bliuwe woenen, mar dat is jammer genôch net it
gefal.
Der hat de lêste tiid in rûchpoatmuzebiter ta holden,
yn it Skroet by it eardere griene hok fan Piet
Koopmans. Dizze mûzebiter komt allinnich yn de
winter hjir foar, harren bried plak is heech yn
Europa.Se binne net sa
makkelik te
ûnderskieden,fan de
mûzebiters dy't hjir
gewoan wei altyd binne.
It ûnderskied sit him yn
de sturt en de poaten n.l
rûge poaten de namme
seit it al. De ljochte sturt
mei in donkere einban dat is in goed skaaimerk. De
lêste 30 jier is de mûzebiter ûngefear mei 300 presint
tanaam, moatte wy der wiis mei wêze?. It hie miskien
ek wol mei wat minder ta kind.
S. en S. de Groot
Vogelwacht
Idaarderadeel Noord
(opgericht 1 mei 1944 – lid van de BFVW)
Secretariaat
J. de Boer
De Marren 45
9005 NS Wergea
Jaarvergadering op donderdag 22 februari 2018
om 20.00 uur in de Waterlelie te Warten.
Agenda:
1.
Opening
2.
Ingekomen stukken
3.
Mededelingen
4.
Notulen jaarvergadering 2017
5.
Jaarverslag 2017
6.
Verslag penningmeester 2017
7.
Verslag kascommissie
(J. Dijkstra en A. v/d West)
8.
Benoeming nieuw lid kascommissie
(aftredend J. Dijkstra)
9.
Pauze met verloting
10.
Bespreking Rayonvergadering
30 november 2017
11.
Bespreking Algemene Ledenvergadering BFVW
(2 maart 2018)
12. Bestuursverkiezing
Aftredend: T. Biesterbosch en Joh. Kooistra.
(beide herkiesbaar)
Vacatures: 2 in Warten en 1 in Wergea
13. Rondvraag
14. Sluiting
Kandidaten kunnen zich tot voor het begin van de
vergadering opgeven.
Namens het bestuur,
F. de Bruin, voorzitter
J. de Boer, secretaris
7
1...,3,4,5,6,7,8,9,10,11,12 14,15,16,17,18,19,20,21,22,23,...32
Powered by FlippingBook