De Havensbank: April 2021 - page 3

Fanôf die tiid kin ik mysels wol in notoare soosgonger neame en waard SZDRNZLL, lykas it foar in hiel protte
west hat, myn twadde hûs. It skoalplein lieten wy foar de “lytskes” en ús plak om ôf te praten waard de soos.
Mar it wie fansels mear as dat, ynearsten in plak om mekoar te moetsjen, in bierke te drinken en efkes fuort
fan de deistige drokte fan skoalle en/of wurk, mar ek waard it in útfalsbasis foar bygelyks de sneontejûn as
we op stap moasten nei Grou, Ljouwert of ien of oar doarps-/tintefeest. Mar ek nei in wykein fuort nei ien of
oar kampioenskip hurdriden op Thialf of sokssawat wie de soos fakentiids de einbestimming.
Mar it wichtichste wie wat der yn de soos gebeurde en dan doel ik foaral op de talloaze bands dy’t der spile
ha. Yn de 80er jierren tilde it op fan de bandsjes yn Fryslân, ek wol de “Friese Bries” neamd. Neist de
Wergeaster Jeugdsoos wiene der tal fan plakken yn Fryslân dêr ’t dizze bands harren keunsten fertoane koene
en Omrop Fryslân hie in jongerenprogramma (Radio 18) mei in protte oandacht foar de Fryske muzykscène.
Myn earste oansprekkende band dy’t ik sjoen ha yn de soos, alteast sa’t my yn it sin komt is “Kobus Gaat
Naar Appelscha”. Dizze Punkpopband stie garant foar in optreden dêr’t noch lang oer neipraat wurde. Net
allinnich in spetterjende show, dêr’t foaral de bassist Jankobus Seuninga opfoel troch as oeraktyf
slangeminske oer it poadium te daverjen, mei as spesjaliteit gekke bekken lûke. Om de boel noch wat op te
fleurjen hie “Kobus” as moade om nuveraardichheden de seal yn te goaien. Ik kin my yntinke dat it doetiidske
bestjoer der in protte wurk fan hân hat om de wite beanen yn tomatesaus en cornflakes út de naden fan dy
âld houten flier te skrobjen! In alderheislikste gesellige binde om samar te sizzen.
Tip foar de leafhawwer: alle elpee’s fan K.g.n.A stean sûnt ôfrûne moanne op Spotify. Neidat Kobus yn 1989
stoppe wie kaam Pigmeat op it aljemint. Dit duo mei Sytse Haaima en Jankobus Seuninga, beide út Kobus,
kamen mei feestende folkrock op meastentiids gitaar en kuttepyl. Ek hiene dizze hearen materiaal by harren
om de feestwille wat te fergrutsjen lykas rolslingers, cornflakes ensafuorthinne. In band dy’t ek foar in part út
Kobus kaam (de sjonger en de drummer) wie “Trio Hell” mei Eric Ennema, bekend fan Omrop Fryslân. Safier’t
ik it my yn ’t sin bringe kin hat dizze band 1 kear yn de soos spile. Om’t de sjonger dy jûn net koe, wie Trio
Hell in duo. It wie perfoarst net drok die soosjûn en ûndanks goeie Countryrock fan beide hearen, wiene de
taskôgers mar min fan de kruk te krijen, wêrtroch’t sjonger/gitarist Ennema sei: as jimme net by ús komme,
dan komme wy wol by jim! En gie hy mei gitaar op de bar sitten en de drummer mei syn snaredrumke oan de
bar. Sa waard dat in bysûnder smûk optreden mei in protte ynteraksje en wille. Ek de Fryske willepunkband
Strawelte stiet my noch helder foar de geast. De Mem fan Doutzen wie noch net yn byld, mar wol in moai
soad oare nûmers, lykas: Hagelslach & Sûpenbrij, Henkie Nobach, Lekke bân, Punker, ensfh….. Ik wie fan.
“De Bildtse storm” wiene 3 bands út de Bilthoeke. Wat ik der noch fan wit is dat topkeatser Joop (as ik sels al
niet weet waar die bal komt, hoe salstou dat dan wéte) Bierma, gitarist wie by ien fan dy bands. Achter op it
poadium stie in grutte ventilator en wy tochten dat se dy sa út en troch ris oan sette soene om de “storm” wat
kracht by te setten, mar sa wie it net. Pas mei de lêste band en neffens my it lêste nûmer waard hy oan
setten en tal fan jiskepûden mei krantesnippers (nei alle gedachten De Bildtse Post!?) waarden efter de
ventilator leech smiten, mei in grutte “sniestoarm” ta gefolch. Mear as in jier letter fûnen wy de snippers
noch... Der hawwe 2 bandsjes west dy’t it twadde part fan hun show net spile ha. Fan de iene band kaam de
frontman yn de pauze by ús mei de fraach oft der ek in drummer yn de seal wie, want harren drummer wie
troch it effekt fan ien oft oar roes- en genotmiddel net mear by steat om it linker en rjochter drumstokje
útmekoar te hâlden, lit stean in stokje op it goede momint op it goede fel of bekken delkomme te litten. De
oare band wie krekt útein set en koe noch wol wat oeren yn de oefenromte brûke. Yn de pauze krigen se it
slúfke mei it bedrach lykas ôfpraat, mei de útnûging om de boel mar yn te pakken en by ús oan de bar te
kommen om in bierke te drinken. En, it wie noch lang gesellich….
Trochdat in Wergeaster jongkeardel syn tsjinstplicht ferfulde, kaam hy yn de kunde mei de Amsterdamse
Cees Spoelder. Cees wie drummer yn de Nederpopband “Van Vollenhoven”. Om in lang ferhaal koart te
meitsjen, it kontakt waard lein en in skoft letter stie dizze Amsterdamse formaasje yn SZDRNZLL op ‘e
planken. De publike belangstelling wie net grut en bestie ynklusyf it bestjoer út heechút 20 persoanen. Mar al
gau hie dizze band it publyk yn ‘e besnijing mei flotte nûmers, in bulte enerzjy en stie eltsenien op ‘e
dûnsflier. Eltsenien? Hear ik jo tinken…….. ja, sels ik kaam fan de kruk. Wat noch mear bysûnder wie, wie dat
der oer dizze jûn in ynstjoerd stik yn de Ljouwerter Krante kaam de wike dernei, weryn’t it memorabele fan
dit barren waard beskreaun. 1 nuveraardich detail is dat net ien wit wa’t de ynstjoerder, in sekere Deelstra,
wie en ek nimmen fan de oanwêzigen hat in persoan sjoen dy’t dyselde Deelstra wêze koe.
Mar hawar, it entûsjasme wie sa grut, dat Van Vollenhoven nei in healjier wer komme soe, mei de hoop dat
der dan dochs wol in man of 100 publyk wêze soe. Ik ha se net teld, mar it wiene der rom mear as 100,
sterker noch, it wie sa drok dat we hast ombeurten sykhelje moasten. Mar wer in spektakulêre show en in
entûsjast publyk. Al wie der wat opskuor doe’t it buske fan de band fol mei reek en dus yn ‘e brân stie. Doe’t
de brânblusser leech wie, wie de brânwacht ek teplak en dy konkludearre dat de brânblusser syn wurk goed
dien hie. Mar eins wisten wy ek wol dat dy brânblussers goed wurk leverden, om ’t dat in jier of wat dêrfoar al
besocht wie troch de barbecue op twadde krystdei dermei út te meitsjen, mei as gefolch….. de barbecue wie
út en de soos leech……… mar ik dwaal alwer ôf.
2
1,2 4,5,6,7,8,9,10,11,12,13,...28
Powered by FlippingBook