FLOED
In bysûndere teäterbelibbing by it Woudagemaal
De nije foarstelling FLOED is de kroan op it 100-jierrich bestean fan it Ir. D.F. Woudagemaal op 'e Lemmer.
Stichting de Noorder Smederij bringt de foarstelling coronaproof yn septimber/oktober fan dit jier en hat wer
deselde basis as hoe’t de foarstelling ‘Tusken Twa Tuorren’ ta stân kaam is. We kinne hast wol sizze dat dizze
produksje in Wergeaster produksje wurdt om’t der in grut oantal Wergeasters oan ferbûn binne. Yn it
kernteam, rezjy, spilers, produksje, muzyk, klean, lokaasje, catering en bou.
It ferhaal fan FLOED
It Woudagemaal op ‘e Lemmer fertelt al mear as hûndert jier ferhalen. Mar ien ferhaal is noch altyd net
ferteld. It ferhaal fan Mare en Gula, it wetter en it gemaal.
Mare hat mar ien grutte leafde yn har libben, it wetter. Dy leafde feroaret yn in einleaze langstme nei wetter,
nei mear wetter. As Mare by it Iselmar leafdesbrieven oan it wetter skriuwt, beslút Gula om it Woudagemaal
út har sliep te heljen. It wetter foar it gemaal komt driigjend omheech. It gemaal begjint hieltyd hurder te
draaien, mar sil it op ‘e tiid wêze om Mare te rêden?
Ir. D.F. Woudagemaal
Spesjaal foar dit jubileum biedt Wetterskip Fryslân it UNESCO Wrâlderfguod oan as poadium foar dizze
Frysktalige teäterproduksje. It Woudagemaal, eigendom fan Wetterskip Fryslân, is it grutste noch wurkjende
stoomgemaal fan 'e wrâld. It stoomgemaal waard yn 1998 op 'e UNESCO Wrâlderfguodlist pleatst. By
ekstreem heech wetter soarget it gemaal noch altyd foar drûge fuotten yn Fryslân. Keninginne Wilhelmina
iepene it Woudagemaal mear as hûndert jier lyn, op 7 oktober 1920. In unyk gebou op in unike lokaasje en
noch altyd funksjonearjend yn in tige aktuele kontekst: de striid tsjin it wetter.
Spyldata en kaartferkeap
Spyldata: 17 septimber o/m 2 oktober 2021.
Bestel no alfêst kaarten en sjoch foar mear ynformaasje op:
Team Floed,
Theo Smedes, Evert Bossema,
Sicco de Ree, Ypie Kerkstra-Pijl
Team Floed f.l.n.r. Ypie, Theo en Sicco. Evert ûntbrekt op de foto
Tonnen actie
In de Havensbank van februari j.l. hebben wij jullie
geïnformeerd over de regenton actie in Wergea.
Hierbij willen we jullie er even aan herinneren dat de actie
nog loopt t/m 31 mei 2021.
Tot op heden zijn er 75 regentonnen afgeleverd op diverse
adressen in ons dorp, waarvan 51 houten regentonnen.
Geweldig dat er al zoveel tonnen zijn aangeschaft!
Wanneer je nog geïnteresseerd bent en de flyer hebt gemist
of per ongeluk in de papiercontainer hebt gegooid dan heeft
Hoyte v.d. Wal nog flyers of even een telefoontje naar
0616332034 en dan zorgen wij ervoor dat je (alsnog) een
folder krijgt.
Jelle Sinnema en Jitske Reinsma
5