De Havensbank: April 2021 - page 1

Posityf perspektyf
Rom oandacht foar
Floed
Omtinken?
Mathijs yn'e soos?
Wergea 600
Juster wie it feest
Ien, twa, trije
Rom baan yn Boazum
Ja, in reintonne
Ek noch fan it gas ôf
SZDRNZLL “Say What?”
Ik hie ’t my nea sa realisearre, mar hoe moai is ’t dat as jo berne wurde, dat
de doetiidske jongerein it foar mekoar krige om in jeugdsoos fan ‘e grûn te
krijen, dêr’t ik en withoefolle opslûpen jongfolk fanôf 1970 oant no ta (én litte
we hoopje noch oan “het eind der tijden”) in protte wille hân ha.
As broekskiterke by mem efterop de fyts en letter doe’t ik sels fan “De Pôle”
nei de buorren fytste, wie it earste dat ik tsjinkaam “De âld runestâl”, sa’t de
jeugdsoos yn dy tiid ek wol neamd waard, as ik de beboude kom fan Wergea
yn fytste. Meastentiids wie it der stil en tsjuster, mar somtiden wie der wat
aksje. Jongerein, yn myn eagen doe al âlderein fansels, dy’t mei in fervekwast
as sokssawat in slach om it eardere Parochyhûs giene om de boel op te
kreazjen en te ferbetterjen, of mei in glês/fleske kâld drinken “achter hûs”
sieten te “verpozen”.
Yn 1980 wie der in stik mear aksje, der kaam in grutte wite tinte yn it lân fan
Jaap en Jehanne Kooistra tsjinoer de soos. De earste 10 jier SZDRNZLL wie in
feit en dat moast fierd wurde fansels. De doetiidske youngsters hiene in heuse
musical makke en útfierd. As 10 jierrich keardeltsje ha ik dêr fansels net it
measte fan meikrigen, mar wat ik noch wol út eigen ûnthâld reprodusearje kin
is it optreden fan de band en bêste bühne-act fan Nederlân op dat stuit
“Vitesse” dy’t yn 1980 in beskieden oeuvre hie. 2 jier letter kamen harren
grutste hits “Rosalyn” en “Good Lookin”. As prépuber hie ik dêr fansels noch
gjin weet fan, mar we koene op “De Pôle” al meigenietsje fan harren muzyk. It
wie moai waar en we sieten efter hûs yn de krekt troch ús heit boude
sitkûle…….. mar hawar, ik dwaal ôf………
De jierren dernei kaam ik sa no en dan yn de soos, meastentiids legaal mei de
film foar de prematuere soosgongers op twadde Krystdei en in kear as wat iets
minder legaal, op 12, 13 jierrige leeftiid op sneintemiddei. Meastentiids
waarden we ûntdutsen en waarden wy op pedagogysk ferantwurde wize nei
bûten begelaat. Mar op in dei wurde je 14 jier en binne jo wolkom yn
SZDRNZLL. Yn dy tiid kamen wy dêr as der in band wie of sokssawat, de rest
fan de tiid wie it net al te drok en stienen wy leaver wat te krinkjespuien op it
skoalplein, mar dat waard oars doe’t der immen út ús fermidden frege waard
om in sit te nimmen yn it soosbestjoer. En wy koene him dêr net fertutearzje
litte fansels en sa kamen wy ek op sneintemiddeis sa út en troch yn de soos.
It bytsje bûsjild waard omsetten yn kola fansels, mar in stikem bierke wie
fansels al stoer.
It jier 1985 stie yn it teken fan it 15-jierrich bestean mei in grut feest yn de
soos en yn “De Bidler”, dy krekt safier hinne klear wie dat der eveneminten
plak fine koene. En in evenemint wie it……. in optreden fan de “one and only
Rock & Rolljunkie” Herman Brood & his Wild Romance. It wie net allinnich foar
Wergea en de soos yn ’t bysûnder in memorabel barren, mar ek foar, neffens
Wikipedia, “De belichaming van het hedonistische seks, drugs & Rock ’n Roll”,
Herman Brood in bjusterbaarlik barren. Optrede yn in “tsjerke” wie foar him
ek sa goed as nij (poptempel Paradiso yn Amsterdam is ek in âld tsjerkegebou
fansels) en dat it him wat die, waard wol dúdlik út it feit dat hy in krús sloech
en nei de show noch in tagift joech, wat hy normaliter net faak die. (Sa as
Frieda hjir de foarige moanne al neamde, der stiet in moaie sfearympresje oer
dit optreden op Youtube).
April 2021
1 2,3,4,5,6,7,8,9,10,11,...28
Powered by FlippingBook