We willen iedereen bedanken voor de informatie die
we hebben gekregen en de behulpzaamheid om de
voor Janneke zo belangrijke plek te vinden.
Een paar dagen later kreeg ik een brief van Janneke.
Ze was erg blij dat ze haar geboorteplek had gevon-
den, maar vond het ook allemaal erg indrukwekkend.
Ze probeert het nu allemaal een plekje te geven.
Waar een toevallige ontmoeting al niet toe kan
leiden!!
Alie en Douwe Wartena
Van Noord naar Latin
Dat wie de titel fan de kleurige flyer dy troch de bus
foel as oankundiging fan it donateurskonsert fan
fanfare De Kriich.
De ôfrûne jierren wiene wat ús persoanlik
oanbelanget net altiten heechsteande jûnen. Mar
hawar, jo sjogge jo doarpsgenoaten omraak spyljen
mei in soad entûsiasme en de neisit is gesellich, dus
wat wolle jo noch mear sa ticht by hûs. De flyer joech
yn elts gefal it idee: dit wurdt in noflike jûn.
Lang om let gongen wy tegearre rjochting de Bidler.
Om 20.00 oere iepene foarsitter Hans Scholtanus de
jûn en yntrodusearre ladyspeaker Marije Greven, de
partner fan solist Libbe Oosterman. De Kriich sette
útein mei de tradisjonele mars, dizze kear
Prestige
fan
P. Riedeman. We krigen der suver nocht oan. Se
spilen it dak derôf en Hidde waande him efkes yn
eardere tiden as lyts jonkje as it korps troch de
buorren gong. Wat in begjin, tochten we noch. Wurdt
dit echt in topjûn? Mar doe it programma fierder
gong, wie de gong derút: drege, trage stikken.
Hoewol, it wie moai om te sjen hoe as Aaltsje en
Femke harren fan skruten trompettisten ûntjûn
hawwe ta wiere solisten.
Oer kwaliteit sprutsen, De Kriich mei wiis wêze mei de
sopraansaxofoniste: wat in prachtich lûd. Ek is it
altiten in aardichheid om nei de slachwurkers te sjen.
Se hawwe it bytiden smoardrok mei hinne en wer
drave tusken alle ynstruminten. It lêste nûmer foar it
skoft wie fan Jacob de Haan. Dizze muzyk leit De
Kriich it bêst en eltsenien spile wer frij en folút.
Nei in pear gleskes yn it skoft en hjir en dêr ris de
mienings hearre begong diel twa. It earste nûmer,
Tequila
fan C. Rio, waard mei in firtuoas begjin
prachtich spile: fleurich en ritmysk. Dêrnei folgen
ferskate nûmers mei gastspiler Libbe Oosterman, yn
Wergea ferneamd as dirigint fan Bigband Two Towers
Collective. Dizze man kin dochs ferskriklik goed
trompet blaze en it wie prachtich om te sjen hoe moai
De Kriich lykas altiten fol entûsiasme meispile. We
sille der earlik yn wêze, de stikken wiene in swiere
hap. Op de ien as oare wize geane jo nei sa’n jûn ta
om noflik nei de muzyk te harkje en dat hoecht wat
ús oanbelanget net te dreech te wêzen. En ja, ús
ladyspeaker Marije … It is altiten knap om dêr te
stean, mar se wie net sterk. We hiene it idee dat se
der net op klear wie (miskien wie se te let benadere?)
en se frege yn ús optyk te faak om ekskúses foar de
drege wurden dy ‘t by de muzykstikken hearden. Doe
krigen we ek noch Libbe en Freonen mei de Latin
party: in entûsiast ploechje minsken dy De Bidler fan
de stuollen krige.
Nei ôfrin spile de band Chameleon dy einliks foar in
lege Bidler stie. Jammer dat safolle minsken fuort nei
hûs gongen, foaral ek de leden fan De Kriich.
Wy komme ek foar jim!
Koartsein: it wie net hielendal ús
jûn, mar de ferwachting wie miskien
te heech.
Takom jier, Kriich, meie jim der
wat mear in feestje fan meitsje
mei wat mear nûmers mei gong
en swing.
Hidde en Ida
6