De Havensbank: April 2016 - page 15

Natoernijs
It is in kâlde en wiete maart moanne, de boeren kinne
mar amper it lân yn te keunstdong struien of te
jarjen. De ljippen kamen ek mar dreech oan it aai-
lizzen ta, yn ferbân mei nacht froast. Der hat him fan
de maitiid hiel wat ôfspile oer it aaisykjen, in protte
minsken oerstjoer en de kranten fol. Harm hat de
minsken op de foto set, dy oan it neisoargjen wienen
want dit moat wat him betreft ek ophâlde. Ik tink as
er it rêde koe, woe hy de boeren ek op it hiem hâlde
om harren wurk te dwaan. Mar miskien krijt Harm
gelyk. Der komme no in protte dikke ljipaaien. Alles
bliuwt lizzen. Hy tinkt dat we dan sterke piken krije,
dat is syn gedachtegong. As dat sa is hawwe wy it
oare jier der in protte ljippen by. Ofwachtsje. Mar wer
binne de ljippen dit jier? Op de maislânen en swarte
grûn.
De fûgelwrâld bliuwt in frjemde saak, nim no de
Lytsemar, it lân fan Klaas Finnema. Ferline jier in
protte fûgels en no hast neat. En der is oan it lân
neat feroare, ra ra hoe kin soks. De skiere goes hat
der op dit stuit in beduchte fijân by. De foks. Minsken
dy, t yn de natuer gebieten oan it aai prikken binne,
komme lege nêsten en deade guozzen tsjin. Dit mei
noch hinne gean as er de aaien fan de greidefûgels
mar lizze lit.
Tongersdei 7 april wie in kâlde dei 10 graden. Ik tocht
mar efkes by de Himpensermar sjen, de mûne draaide
moai. It wie Lolke syn kollega dy ‘t by de mûne wie.
By de sodze (plasdras) fan Reinder de Jong wie it
allegear fûgels, foaral skriezen. As dy hjir allegear oan
de lêch komme, kriget Wergea de grutste skrieze krite
fan Fryslân, mar dit moatte wy ôfwachtsje. Yn de mar
like it wat minder dan ik tocht hie. Dat akelige reidlân
yn it midden docht der ek gjin goed ta. Der sitte in
protte guozzen yn en der hongen 10 swarte krieën
boppe, dêr joue de guozzen neat om. Mar der gongen
my wat te min ljippen efteroan. De skriezen wienen
hast sa drok wol. Der wienen begjin maart mear
ljippen as op dit stuit.
Bygeande foto hat
Sjoerdtje by ús yn de tún
makke. In pearke nuete
einen skarrelje hjir alle
dagen om.
Boppe harren hinget in
einekoer fan Lolke. Se
sjogge der wol nei mar se
hawwe der noch net in aai
yn lein.
Mar it kin ek wol in lette ein wêze. Se binne net
allegear tagelyk oan de lêch.
Ik bin ôfrûne winter mei in nije hobby begongen:
Guozzenûmers en sifers ôflêze.
In protte minsken yn myn kennissenkring wienen hjir
al in oantal jierren mei dwaande. It giet noch net sa
maklik. It moat mei in kiker of in teleskoop barre. Mar
it moaie fan dit barren is, as je se ynbringe yn de
kompjûter kin je de hiele libbensloop neigean.
Hjirby in foto fan twa skiere guozzen JRT en JSV, man
en frou lit sjen hoe as it der yn it fjild útsjocht, mar
der is in grut ferskaat oan kleurringen, letters en
sifers. Alle guozzen hawwe ringen om ‘e hals útsein
de paugoes (brandgans) dy hat de ring om de poaten.
Dizze ringen kin men allinnich mar yn hiel koart gers
ôflêze.
Blesgoes KBJ mei swarte halsban is ringe 21-12-2007
yn Eemnes. Ik wie de lêste dy ‘t him dit jier sjoen hat
op 16-3-2016 yn de Deelen. Dizze is dus goed 9 jier
âld, hy is yn syn libben 47 kear sjoen, is no wer
ûnderweis nei syn briedgebiet. Hy is al yn Gdansk
boppe yn Polen, dat wie de leste melding.
Der is ek in blesgoes PTU ringe op 26-2-2004 yn
Kollemerpomp, dizze hat Anneke Zeinstrra ôflêzen op
18-3-2016 yn Earnewâld. Dizze goes is dus goed 12
jier âld. Dit binne in pear foarbyldsjes mar der rinne
yn ús lân hûnderten merkte guozzen om. Der binne
yn de winter in protte leafhawwers mei oan ‘e gong.
En der kin op dizze wize ek in protte ûndersiik dien
wurde.
De neisoarch is wer folop oan de gong mar der reitsje
no al in protte nêsten leech. Dat is in minne saak, de
earste ljippen sitte al mear as 14 dagen te brieden.
Sa ek yn Piet Zwart syn krite fan de 6 nêsten wiene
dêr 4 nêsten leech, de doppen leine om it nêst hinne.
Ek Auke en Nyske wiene by Hendrik Schuurmans
aaien kwyt. Mar yn dizze krite sitte wol aardich wat
fûgels. Wy hâlde it ferfolch yn ‘e gaten jim hearre
letter mear.
Sietse en Sjoerdtje
9
1...,5,6,7,8,9,10,11,12,13,14 16,17,18,19,20,21,22,23,24,25,...36
Powered by FlippingBook