De Havensbank: April 2016 - page 7

Poadiumtigers en de dichterlijke
frijheden
It Halbertsma Jongerein Toaniel hat op 15 en 16 april
trije ienakters opfierd, de ploech fan spilers en
entûsjaste frijwilligers makke it ta in prachtige jûn.
Sa’n 215 minsken ha de Bidler dit wykein besocht.
Oan de ploech fan Patricia Buwalda en Berber de
Boer, beide diene se de rezjy, de eare om te starten
mei it stik “De stoartkoker”. Twa suskes, spile troch
Anniek Terpstra en Femke Mud, hiene in gewoan leuk
studintelibben. Plots feroare dat troch in ôgryslik
minne ûnderfining fan ien fan de suskes. Troch
sjantaazje slagge it harren net om it oan har sus út te
lizzen en rekke se yn de swierrichheden. Har sus
rûkte
ûnrie, se kaam derachter wat der spile en krekt
of ’t der plysjegenen yn har karakter trochsetten
binne ha se as Sherlock Holmes in misdriuw oplost
troch in feestje mei de buorlju te jaan yn de flat wer
sy wenje. Lokkich hie Hanna gjin moard op har
geweten. De ferskillende typkes soargen foar genôch
laitsjen yn de seal. De susterrelaasje is knap delset
troch it tekstfêst wêzen en de spile emoasjes. Mocht
der ien west ha dy nei in dei swier wurkjen tocht hat
om de eagen efkes ticht te dwaan dan is dit glânsryk
mislearre want de doarbel koe men op it sportfjild wol
hearre. Marije Terpstra, Mark Mud, Jan de Boer,
Hedser Mud en beide earder neamde famkes wienen
allen fertroud mei it poadium en de lol dy se mei
elkoar hân ha strielde der ek fanôf.
‘Moai wurk Durk’ waard nei it skoft opfierd.
In útzendburo wêrfan jo witte dat it yn it deistich
libben nea brea opleverje sil soarge foar ferbale
traktaasjes. It spile him dus ôf op in útzendburo, wêr
in aldersleaust memke roggelde as in slim siik
persoan en behoarlik grof en asosjaal wie. Mar as de
tillefoan oannaam waard dan seagen jo in oare kant.
Dat gong sa, mei in ynleave resepsjestim: ‘Binne jo
berne mei twa linkerhannen en ha jo noch nea wat
leard? Bjusterbaarlijk prachtich, dit wurdt by ús
wurdeard. Ha jo oan in útkearing te min, mar oan
wurkjen gjin sin? Wy kinne foar jo yn’t spier, sa ha jo
ek wer jild foar bier. Koartsein: op syk nei in
weardeleaze baan, by ús is altyd wat te dwaan!’
It illegale radioútzendstasjon waard daliks herkend en
soarge foar in spektakel, Janna Veenstra sette dizze
rol del en dat hat se echt hiel goed dien. We learden
dit karakter bêst goed kinnen yn it koarte skofke tiid.
Echt in reade tried ha ik net echt sjen kind mar de
platte humor en hoe de humor oan elkoar linkt wie
makke it in spektakel. Se hienen de seal op harren
hân. Dat is bysonder knap want fertel jo mar ris in
ferhaal wêrfan de oare net wit wêr it hinne giet, just
jo heakje dan ôf en dat wie hjir net it gefal.
It eindige abrubt mei in tillefoantsje fan de plysje. In
famke fan 4 jier, de dochter fan de asosjale mem fan
it útzendburo moast allinich ergens hinne rinne om’t
har heit tefolle bier hân hie en har mem tsjin har sei,
do kinst heus wol 10 km rinne ast 4 jier bist. Jim
snappe wol wêr dat tillefoantsje oer gong.
Se sille hjir mooglik minsken mei rekke hawwe mar
oan de oare kant, it stik siet de hiele tiid grôtfol mei
trochtochte humor en saken wêrfan je witte dat it nea
foarkomme sil.
As je dan in ploech entûsjaste poadiumtigers de
dichterlijke frijheden jouwe dan is dat wat jo yn 2016
krije.
Knap delstetten dus troch: Iris Wijnand, Lycke
Wijbrandi, Agnes Wijbrandi, Sophie de Wit en Janna
Veenstra. De rezjy wie yn hannen fan Aaltsje de Boer,
Bas Stienstra en Hester Kooistra.
Nei in koarte ombolling starte it stik ‘Skatteblomkes’.
It iennige skattige oan dit stik is de titel. Hjirboppe
waard sein dat it om in ferbale traktaasje gong. Dizze
traktaasje gong noch efkes fierder troch. In stik wat
gearfet wurde kin as de ôflevering van de
telefyzjesearje Flodder wêryn sy yn Sonnedaal te
wenjen komme mar dan mei in eigen draai der oan.
Sa wie dizze ienakter krekt wat groffer en
seksistysker. Jo moasten oplette want de grappen en
groffe opmerkingen fleagen om de earen. Kees &
Sjonnie sieten goed yn harren rol en Ma Flodder hie
dan net itselde formaat mar wie al in aktrise fan
formaat.
Dit kreatyf ferbaal keunststikje is opsetten troch de
spilers en rezjy. Spilers: Mees Pietersen, Anna
Sinnema, Sterre Boermans, Pieter Gerbens en Bote
Groen. De rezjy wie yn hannen fan Wietske Velde en
Bauke van der Veen.
De hiele jûn ademe in relakste en profesjoniele sfear
út; sa prate Sietske de Boer it leuk oan elkoar fêst.
De technyk wie manmannich beset en ûndersteunde
alle stikken moai en sels it programmaboekje seach
der strak út. Dat it de kweekfiver is fan jong
akteartalinten is wol dúdlik. It bysondere oan it jier
fan 2016 is dat alle regiseurs as jonge toanielspilers
by Jongerein Toaniel Halbertsma start binne!
Jacoba
Wilt u
BIOLOGISCH TUINIEREN
?
Er is nog slechts één kavel vrij, maar deze is
wel gefreesd, dus gereed voor zaaien en
planten.
Inlichtingen bij de penningmeester
van
Túnwille
, A. Strampel, De Turfskipper 10,
tel. 255 21 07.
4
1,2,3,4,5,6 8,9,10,11,12,13,14,15,16,17,...36
Powered by FlippingBook