De Havensbank: December 2017 - page 13

SZDRNZLL
Wy as SZDRNZLL slute it jier graach goed ôf en derom siet de moanne desimber
ek wer fol mei leuke feestjes. Sa hienen wy op krystjûn it jierlikse krystgala,
wat ek dizze kear wer in grut sukses wie. Ek wie der dit jier foar it earst in
bernegala, wêrby’t de bern harren moaiste outfit oanlutsen hienen.
Op earste krystdei stie de twadde edysje fan de SZDRNZLL top 50 op ’e planning. Krekt as foarich jier koe
eltsenien wer stimme op harren favorite ferskes, wêrnei’t der in prachtige top 50 makke wurde koe. Ek op
twadde krystdei hienen we wer in sear slagge feest!
Fierder hawwe we fansels âld en nij, in jûn mei in protte drokte en gesellichheid. Sa as gewoanlik is eltsenien
fanôf 00:30 oere wer fan herte wolkom yn ’e soos, om der mei syn allen in fantastysk begjin fan 2018 fan te
meitsjen.
En net te ferjitten, op 1 jannewaris organisearje wy, yn gearwurking mei de KKW en Henk, wer it jierlikse
nijjiersfeest yn ’e Bidler. Wy hoopje jim allegear fanôf 16:00 te sjen!
Yn it nije jier hawwe wy direkt alwer in moai feest yn it foarútsicht, nammentlik op 20 jannewaris: The return
of SEQUELZ. In hardcore/hardstyle feest dat nei in oantal jier wer weromkomt yn ’e soos. Kaarten foar dit
feest binne foar €5,- te krijen fia
.
Oant folgjend jier!
It SZDRNZLL bestjoer
Wergea a Gogo
Wat is der no leuker as mei in kwis mei te dwaan wêrfan’t je tinke dat je hege eagen goaie sille. Wy hiene ús
goed foarbereid: De iene wist alle jiertallen fan de ferskillende iepenloftspullen mei titels, nammen ensfh. en
de oare hie har talein op Jesus Christ Superstar, Grease, Dirty dancing en alle oare muzyk út ús jierren. En
wat is it dan lullich as je by de earste rûnde (wêr’t we allebeide noch sjen mochten nei de oare teams) yn de
gaten krije dat je hiele oare dingen út ’e holle leare moatten hienen. It djiptepunt wie foar ús dochs wol dat
we net op de namme komme koenen fan de band dêr’t ús pleatslike knuffelartyst Jetse yn sitten hat.
De KKW hat in protte wurk hân fan dizze jûn. De oanklaaiïng fan de Bidler allinne al is de muoite fan it
neamen wurdich. It balkon wie ôfskerme mei in swart kleed en de minsken kamen dizze kear net troch de
hoofdyngong mar ûnder de toer de seal yn. Oeral hongen lp-hoezen en it wie prachtich ferljochte. Twa desks
foar de dielnimmers stiene foar de bar. Om dy reden waard it publyk betsjinne. It bier siet yn kannen en
waard oan de tafel ynskonken.
Tidens de kwis seagen we filmkes mei petearen mei ferskillende Wergeasters en sels in âld-Wergeaster. Dizze
filmkes wiene te sjen op trije beeldskermen. Oer dizze filmkes waarden fragen steld. Mar de fragen gongen
ek oer nûmers dy’t de liveband spile. Der wiene hiele jonge blazers. Sy spilen inkelde ferskes dêr’t ek fragen
oer steld waarden en der waard op it oargel spile mei dêroer ek fragen. Folkert Sinnema wie menear Chung
en hy hat ús fermakke mei prachtich falsk te neuriën. Dat Rick en Klaas der dochs in melody yn herkenden is
reuze knap. Tom Kamsma wie jurylid. En sa as we dat wend binne fan Tom die hy dit mei sjarme en flair. De
fragen wiene betocht troch Hendrik Fridsma en Jan Tysma en de kwismaster wie Willem de Vries alias Willem
Wâldpyk. Hy kin dit as gjin oar. Nei eltse rûnde hiene we ús eigen Leo Blokhuis ofwol Evert Bossema mei in
ferhaal út de skiednis fan de popmuzyk.
Al mei al in hiele ôfwikseljende en leuke kwis. It publyk hat neffens ús in moaie jûn hân. It is miskien in
cliché, mar we goaie ‘m der dochs mar even yn, as jo yn it publyk sitte lykje de fragen altyd maklikker te
wêzen as wannear’t je sels meidogge oan in kwis. Hoe faak tink je net tidens it sjen fan bygelyks “De slimste
mens” dat sommige kandidaten dochs wol hiel sleau binne…. Dat hat it publyk dizze jûn wierskynlik fan ús
tocht en om foar te kommen dat wy mei die gedachte op bêd moasten ha we tankber gebrûk makke fan de
gastfrijheid fan de KKW en bin we fluitsjend nei hûs gongen.
Der binne trije rûndes spile en de jongste dielnimmers, Klaas Wijbrandi en Rick Heida ha mei flagge en
wimpel wûn. Rudie Nijhuis en Wendy Jorritsma wiene twadde. Henk Wielinga en Jelle Dijkstra wiene tredde
en Lydia Kooistra en Pity van der Vlugt einigen op plak fjouwer.
Alle lof foar de organisaasje. We ha in prachtige jûn hân!
Lydia Kooistra & Pity van der Vlugt
7
1...,3,4,5,6,7,8,9,10,11,12 14,15,16,17,18,19,20,21,22,23,...36
Powered by FlippingBook