De Havensbank: December 2017 - page 20

Natoernijs
It is alwer it ein fan 2017 en wy skriuwe fan ôf 2006
yn de Havensbank oer de natuer. Yn desimber 2006
waard ús frege oft wy wol wat oer de natuer skriuwe
woenen, want oars die Dhr Jan Pijl dat, mar dy wie
ferstoarn.
It is al 12 jier dat wy no yn ‘e Havensbank skriuwe en
dan falt it net mei om eltse moanne wat te skriuwen
oer wat der sa al bart om jo hinne yn ‘e natuer. Der
waard my lêst frege oft wy net mear yn ‘e
Havensbank natuernijs publisearren. No dit is ús
antwurd. Wy witte soms net wat it wurde moat. As wy
net mei de ploech natuermannen fuort west ha, of net
wat bysûnders sjoen of belibbe hawwe, dan falt der
foar ús neat te skriuwen.
De groep dêr’t wy ienkear yn ‘e moanne mei fuort
gean, bestiet út sa’n tsien man en elts hat sa syn
kennis. Der binne fûgel minsken dy’t alle lûden kenne
en oan it fleanen al sjogge wat foar rôffûgel it is en de
oar kin alle planten en blommen, poddestuollen, beien
en libelles. Elke kear geane wy dan nei in oar gebied,
dat sa kinne wy hast alle natuer gebieden hjir yn
Fryslân. In protte haw ik al oer skreaun.
Der binne twa natuer minsken út ús groep dy’t yn de
bosken fan Beetstersweach in plak makke hawwe om
mei foer de fûgels te lokjen om dan te sjen wat der op
ôfkomt. Der binne takken lâns setten foar de hûnen
want oars fleane dy der hinne en dan binne de fûgels
fuort. De lêste tiid binne der goudfinken, staartmees,
[sturtmies], sijs [syske],keep en noch wolle mear
soarten te sjen. Dit is foar in moaie foto te sjitten,
faaks sitte de fûgels der stil. Om ‘e dei wurdt der foer
hinne brocht.
By de Foanejacht brêge
is de see-earn ek al wer
oan it nêst meitsjen
.Foarich jier is der ien
jong grut wurden. Mei
dat de see-earn der is
binne alle oare fûgels
ferdwûn. Wy telden der
ien kear yn ‘e moanne
de sliepplakken fan de
zilverreiger (grutte wite
reager), mar dy binne
der net mear, wêr’t hja no sitte, witte wy net. Jo
moatte der net hinne gean want der stean kamera's
en de bonnen binne net fergees.
De guozzen binne ek werom yn Fryslân ik haw it idee,
dat der wat minder binne as foarich jier. Mar der
binne ek noch in moai protte ûnderweis, it friest
boppe yn Dútslân en Poalen noch net genôch.
De meast foar kommende binne, de (Blesgoes)
Kolgans, (Paugoes) Brandgans en de (Skieregoes)
Grauwegans. Mar dit is mei op dit stuit foar myn
hobby genôch. Fan de Skiere en Blesgoes binne der in
oantal fan in halsbân fersjoen, dit liket wat wreed mar
dat falt ta. Se hawwe bannen om fan hiel licht plestik,
mei in letter en sifer kombinaasje. Dy lês ik dan of
mei in teleskoop kiker, dy bring ik dan yn de
kompjûter en dan krij ik alle gegevens. Dy besteane
út leeftiid, wêr oft er ringe is wa’t him of har sjoen hat
en ek de dei mei de tiid der by. Men kin presys sjen
yn wat lân se west hawwe. Ik fyn dit prachtich wurk.
It is krekt as eartiids mei it sykjen fan ljipaaien it giet
om de kânskes, dy mochten we doe mei nimme, dizze
guozzen bliuwe yn it lân rinnen. Der binne yn ús lân
noch al wat minsken dwaande mei fûgelflappen,
eartiids gongen se yn de panne en no is it foar
ûndersyk, alle minsken dy’t hjir mei dwaande binne
moatte in fergunning hawwe. It is raar yn Súd-Europa
en noch fierder fuort meitsje de minsken miljoenen
fûgeltsjes dea, sommige binne net iens 10 gram. Dit
wie in lyts útstapke by de guozzen wei, dat kaam
troch de fergunning.
Ik wol jim ek noch wat fertelle fan in prachtich guoske
it (Blaupoatsje) Kleine Rietgans dizze goes briedt yn
Denemarken,
Noarwegen en in lyts
part fan Sweden.
Mar it bysûndere is dat
se yn de winter allinnich
yn súdwest Fryslân
binne. Mei in strange
winter sakje se of nei
Seelân en België. Se
komme it earst en geane ek it earst wer fuort. De
namme (Blaupootsje) komt echt troch harren poaten
om dat dy rôze blau binne. Mar se kinne hiel âld
wurde halsbân A 20 frou is yn Denemarken ringe op
3-4-1991 en se is dizze hjerst ûnder Gaastmar wer
sjoen.
Ik wol ek noch wat sizze oer de romten fan de lege
winkels, dat dy der mar kreas by stean Der is in Kryst
fersiering en ien yn lânskippen mei winterske alluere
en noch ien mei moai âld guod en dan de man fan de
redens, Hoekstra. Dit docht it doarp goed.
Wy winskje alle minsken in moaie Kryst en in Lokkich
Nijjier en noch folle mear sûnens yn 2018 ta.
Sytze en Sjoerdtje de Groot
12
1...,10,11,12,13,14,15,16,17,18,19 21,22,23,24,25,26,27,28,29,30,...36
Powered by FlippingBook